Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Jutters-under-wetter_WR

Jutters ûnder wetter

01 Oktober 2006

Op Skylge is in klup dûkers al jierren oan it dûken, we gean mei as se wer ris nei in wrak farre, in skip dat fergien is yn de Noardsee. De lading, in spesjaal soart granyt helje se boppe wetter. De leden fertelle oer har hobby en we sjogge byldzjend keunstner Yaël Artsi dy't wurken makket fan it granyt.

LTV_DICHTERS

Fryske dichters om utens

11 Desimber 1994

Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma.

LTV

Enerzjy yn wyn

28 Septimber 2003

Foar- en tsjinstanners fan wynmûnen komme oan it wurd. Tsjinstanners ha noed oer de oantaasting fan it lânskip en de oerlêst, foarstanners wolle skjinne enerzjy en it smyt wat op. Yn Sibrandahûs is mei sukses fûl protestearre tsjin ferskate plannen, mar de relaasje mei de buorlju waard net better. Yn Boazum hat in boer ien mûne pleatst, de buorlju goed 200 meter fierderop ha oerlêst. Ek in heechlearaar komt oan it wurd, krekt as de polityk en de projektûntwikkeler.