Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_4_MICHIGAN_200200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 4: Holland, Michigan

20 Febrewaris 2000

We folgje Hendrik Baron, Sippe Boonstra en Feije Hekstra dy't yn de steat Michigan wenje. Baron emigrearre yn 1948 nei Amearika, dêr't er heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde waard. Hekstra makke yn 1952 de oerstek, hy hat no in grutte stâl mei Fryske hynders. Boonstra, oarspronklik fan Tsjummearum, hat in boekhannel. Alle trije fertelle se oer wat se berikt ha yn it libben, mar ek dat se eins nergens thús hearre, se tinke bot nei oer har identiteit. Mei Hendrik Baron en Feije Hekstra geane we ek werom nei harren berteplak yn Fryslân (De Pein en Damwâld).

MYNDOMYN_170905_BOLT

Myn Domyn: CF-pasjinte Hetty Bolt

19 Septimber 2005

Portret fan de 27 jierrige Hetty Bolt fan Burgum. Sy hat de sykte Cystic Fibrosis, ek wol bekend as de taaislymsykte. Dêrtroch wurdt se nei alle gedachten net âlder as 40 jier. Alles nimt mear enerzjy, want se krijt minder lucht. We sjogge har oan it trainen by de fysio, oan it wurk by de Rabobank en by de trijemoanlikse kontrôle yn it sikehûs yn Grins. Se hat de sykte akseptearre en wol der it bêste fan meitsje. Har grutste dream, in reis nei New York, hat se al wiermakke.

LTV_FRYSKE_SUVELKOOPERAASJES_210500_WR

Fryske suvelkoöperaasjes: no sil de bûter jild jilde

21 Maaie 2000

Hie Fryslân earder 150 suvelfabriken, de earste wie yn 1879 yn Feanwâlden, no binne der noch twa grutte suvelkonserns, wêrfan Friesland Coberco Dairy Foods mei 16.000 boeren as oandielhâlder. Yn de rin fan de tiid moasten tal fan suvelfabriken slute en kamen skaalfergrutting en fúzjes op. Eardere direkteuren, melkfeehâlders en wurknimmers fertelle oer de skiednis en de feroaringen. Ek is in soad argyfbyld te sjen.