Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_IDS_WILLEMSMA_2.mxf

Lânskipsbyldhouwer: portret fan Ids Willemsma

07 Novimber 1993

In portret fan byldzjend keunstner Ids Willemsma. We folgje him by it ta stân kommen fan it keunstwurk op de Marrumer seedyk, fan ûntwerp en skaalmodel oant de levering fan it materiaal en it te plaksetten troch in grutte kraan. It wurk, dat letter bekend waard as it timpeltsje fan Ids, is yn opdracht fan Wetterskip Fryslân makke, as ôfsluting fan de dykferswierring. Foar Ids is it in hommaazje oan de dikebouwer. We sjogge him oan it wurk yn de loads yn Hallum, by de einen, lústerjend nei klassike muzyk yn syn selsmakke deadskiste, en oan it skeelerjen.

LTV_FOTOGRAFY_HESMERG_181098_WR.mxf

Fotografen Petra en Erik Hesmerg: Earst sjen

18 Oktober 1998

De fotografen Petra en Erik Hesmerg fan Snits wurkje en libje tegearre. Se fotografearje benammen keunstobjekten en -bylden. We sjogge se oan it wurk yn it Museum Beelden aan Zee (Scheveningen) dêr't se wurk fan Karel Appel fotografearje. Se fertelle oer har wurk dat yn boeken foar musea en galerys publisearre is. We sjogge se ek yn keramykmuseum Princessehof, by it wurk fan Rodin yn Den Haag (Lange Voorhout), yn it Muziektheater (Amsterdam) dêr't se kostúms fotografearje en op de seedyk by it meitsjen fan it byld foar it Frysk Festival.

LTV_AKKE_EN_ESMEE_V2

Opera oer Esmée van Eeghen en portret fan Akke Radsma

21 Maaie 1995

Yn dit programma sjogge we earst by de repetysjes fan de opera Esmée dy't yn premjêre giet yn Carré op it Holland Festival. Jan Brokken skreau de tekst oer it libben fan de fersetsfrou dy't yn 1944 fusillearre waard. Ferskillende meiwurkers komme oan it wurd. Dêrnei folget in portret fan Akke Radsma dy't bekend waard mei har praatsjes 'Oer de hage' dy't wykliks op de Fryske radio te hearren wienen. De teksten waarden skreaun troch Paulus Akkerman. Se treedt noch altyd op mei in oade oan it eardere Winterjûnenocht.