Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_WAARMTE_23_12_1998.mp4

Sadwaande: Waarmte

23 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer waarmte. In húsdokter leit wat út oer de temperatuerhúshâlding fan it lichem, we sjogge by kachelbouwer Faber en prate mei de kachelspesjalist oer de ferskate types. Ingrid is by in Reiki-master en we prate mei in psycholooch.

Om Utens: Studinteferieningen

Om Utens: Studinteferieningen

19 Maart 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portretteare dy't bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer studinteferienings foar Fryske studinten bûten Fryslân: Bernlef yn Grins, WSSFS yn Wageningen, Redbad iy Utrecht en Aldgillis yn Delft.

LTV_PORTRET_ROBERT_ZANDVLIET_090504_WR

It abstrakte lân - portret fan skilder Robert Zandvliet

09 Maaie 2004

De yn it Fryske Terbant berne Robert Zandvliet fertelt yn syn atelier yn Rotterdam oer syn wurk, syn ynspiraasje en syn wize fan sjen nei de wrâld. Ek is te sjen hoe't in skilderij ta stân komt. In galery yn Amsterdam is entûsjast oer syn wurk en we sjogge by in tentoanstelling yn New York.