Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Seis_Gymnasium_4

6 Gymnasium diel 4

28 Juny 2005

De lêste ôflevering fan 6 Gymnasium stiet hielendal yn it teken fan de eksamens en wat dêrnei komt. Der binne noch hieltyd guon dy't net witte wat se hjirnei dwaan wolle. Sa hat Roos bygelyks al in keamer yn Grins, mar se hat noch gjin stúdzje fûn. Op 16 juny rint de spanning heech op as de direkteur om healwei fiven binnenkomt mei de eksamenútslaggen.

Sjoch Mar: Koaitsje tipelje

Sjoch Mar: Koaitsje tipelje

18 Augustus 1997

Us ferslachjouwer krijt de opdracht om nei it koaitsje tipeljen te gean. Hy sit earst op it ferkearde spoar...

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

14 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer, dichter en oersetter Douwe Tamminga (1909-2002). We sjogge by syn eardere hûs yn Kiestersyl dêr't er as 12-jierrige kaam te wenjen. Yn syn bungalow yn Ysbrechtum fertelt er oer syn libben en wurk. Hy learde foar ûnderwizer en wie learaar Frysk en Nederlânsk, mar waard letter wurdboekskriuwer by de Fryske Akademy, hy wurke tolve jier oan de letter B. Hy skreau ek in soad oer de Fryske taal.