Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: ynfiering fan de euro

Hjoed: ynfiering fan de euro

01 Jannewaris 2002

Hast oardel miljoen Nederlanners hawwe op 'e earste dei fan it nije jier euro's út in pinautomaat helle. Dat hat Interpay, de organisaasje dy't it elektronyske betellingsferkear regelet, bekendmakke. De Friesland Bank wie hjoed ien fan 'e lêste banken dy't har pinautomaten klearmakken foar it brûken fan 'e euro. Sân ploegen makke yn de Fryske filialen 77 automaten ree foar de euro.

LTV_FERSETSMUSEUM

Verzetsmuseum Friesland

16 April 1995

Ut it fernijde Verzetsmuseum Friesland wei, ûnderdiel fan it Fries Museum yn de Kânselarij, praat Geart de Vries mei ferskillende minsken oer de Twadde Wrâldoarloch. Wybe de Jong en Trynke Postma-Friso fertelle oer har ûnderfiningen. De Jong wie aktyf yn it ferset en waard 14 april 1945 befrijd út Crackstate op It Hearrenfean. By de famylje fan frou Friso wienen ûnderdûkers, no jout se de jeugd foarljochting oer de oarloch.

LTV_EMIGRANTEN_2

Emigranten: Fryslân, that's my home

11 Septimber 1994

Yn dit programma sjogge we by Fryske emigraasjefamyljes dy't nei Fryslân op besite komme. In soan en dochter fan de famylje Van der Sluis gienen yn 1952 nei Nij-Seelân, twa jier letter folge de rest fan de famylje. No binne se nei 40 jier foar it earst wer werom yn Fryslân en sjogge ûnder oare yn it âlderlik hûs yn Boalsert. Ek sjogge we by oare famyljes dy't sa no en dan wer nei it heitelân komme. Mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer in grut emigraasjeskip dat út de Rotterdamske haven fart.