Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: stasjon Jellum-Boksum foar ien kear wer brûkt

Hjoed: stasjon Jellum-Boksum foar ien kear wer brûkt

03 Juny 1994

Al sûnt 1955 stoppet der gjin trein mear op stasjon Jellum-Boksum. Der is sels neat mear wat oan in stasjon tinken docht. Mar fan 'e moarn wie dat oars. Njoggen oere stienen der op it plak fan it eardere stasjon 38 skoalbern te wachtsjen op de trein dy´t har nei Starum bringe soe. Foar ien kear, yn ferbân mei it skoallereiske.

Skriuwers yn byld: R.R van der Leest

Skriuwers yn byld: R.R van der Leest

15 Juny 1989

Geart de Vries rint mei skriuwer Reinder Rienk van der Leest (1933) troch it sintrum fan Ljouwert en ynterviewt him oer syn wurk. Ek fertelt Van der Leest wat it skilderjen foar him betsjut. Hy makke syn Frysktalige debút yn de sechtiger jierren en yn syn wurk boartet er in soad mei taal.

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

30 April 2003

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket it Oranjegefoel, net dat wat mei it fuotbaljen te krijen hat, mar mei it keningshûs. Wat is de hâldberheidsdatum fan de monargy? Hy giet op besite by jonker Cees van Eysinga en syn frou barones Van Harinxma thoe Slooten yn Huize Boschoord yn Sint-Nyk. De jonker wie 23 jier lang keamerhear fan Juliana en Beatrix en hat nauwe bannen mei de keninklike famylje. Ek praat Gerard van der Veer mei twa republikeinen dy't neat fan it keningshûs ha moatte: Lútsen Haak en Yvonne Rutgers.