Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DER_DAMES_VERZET

Der Dames Verzet

27 April 2003

Teätergroep Com.plot makket de foarstelling 'Der Dames verzet' oer trije froulju yn de Twadde Wrâldoarloch: Esmée van Eeghen, Joop van der Helm en An Jaakke. Se binne aktyf yn it Ljouwerter ferset. An ferriedt Esmée. We sjogge de aktrises by de research en stikjes fan de foarstelling. Oaren fertelle oer Esmée van Eeghen (1918-1944), dy't as koerierster foar Krijn van der Helm wurke.

BOPPEDAT_060697_WERGEA_WR

Boppedat: Kearewear 1997

06 Juny 1997

Piter Boersma bewurke it boek en toanielstik Les jeux sont faits fan Jean-Paul Sartre ta it stik Kearewear, dat yn 1997 opfierd waard as it iepenloftspul fan Wergea.

LINKK 22: Miljeu

LINKK 22: Miljeu

21 Maart 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer it miljeu, oer enerzjy en ôffal. We sjogge by minsken dy't kontrolearje oft der yllegaal ôffal dumpt wurdt yn de natuer.