Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ADOPSJEBERN_WR

De earste generaasje adopsjebern

08 Desimber 1996

We sjogge by fjouwer folwoeksenen dy't as jong bern adoptearre binne en nei Fryslân helle binne. Spilet adopsje in rol yn har libben? Wolle se sykje nei har biologyske âlden of nei it lân fan komôf ta? Wat witte se noch fan har eigen lân en ha se ferlet fan kontakten mei oare adopsjebern? We sjogge by de libbens fan Shanko van der Meer (23) út Yndia, Helen Zandt (27) út Súd-Koreä, Mary Francis van der Hoek (28) út Yndia en Theodoor van der Laan (26) út Súd-Koreä.

Skriuwers yn byld diel 5: Winterjûnenocht

Skriuwers yn byld diel 5: Winterjûnenocht

07 April 1988

Yn de winter fan 1860 organisearren skriuwers Waling Dijkstra en Tjibbe Gearts van der Meulen in gearkomst, de Winterjûnenocht. Wat dit foar gearkomst krekt is? Dat is te sjen yn de fiifde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld'.

LTV_EKO_BUORKJE_WR

Eko-buorkje: derop of derûnder

19 Desimber 2004

It regear wol dat der mear biologysk buorke wurdt. We folgje twa biologyske boeren, se fertelle oer wat se tsjinkomme yn dat proses. Kees Timmers is bouboer yn Ingwierrum en Henk Hogendoorn is tsiisboer. Thom Krol hat in edukative pleats yn Droegeham. Ek in lânbou-ekonoom komt oan it wurd.