Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

WEROMBLIK--Heamiel-1-FNO230620OI

Hjoed: Heamiel 1994

23 Juny 1994

Omrop Fryslân wie yn 1994 by it Heamielfeest yn Boalsert. Heakeninginne Antje Breeuwsma en har gefolch skoden oan foar de tradisjonele rys mei rezinen.

180717_SADWAANDE_OER_HANWURK_17_05_2000.mp4

Sadwaande: Hânwurk

17 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer hânwurk. We sjogge oft hannen wat fertelle kinne oer it wurk dat ien docht, en we sjogge ek by wurk dat mei de hân dien wurdt en net oernommen is troch masines. We sjogge yn Easterlittens wat minsken mei hannen hawwe en by it Centrum Vakopleiding yn Drachten dat minsken opliedt yn de wurkpleats. We sjogge by it wurk fan de protezemakker en de smid yn Burdaard.
Prinses op learzens lit it hûs himmelje mei in op ôfstân betsjinbere hân.

Sybe Satellyt 0401

Sybe Satellyt 0401

14 Septimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it tippen, in sport, yn Jorwert en praat mei Sake Roodbergen oer muskusrotten.