Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Wout Zijlstra

Fan fan: Wout Zijlstra

10 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt sterke man Wout Zijlstra it himd fan it liif frege troch René Hijlkema (13 jier) út Drylts. Se treffe elkoar op de Highland Games.

Friezen om utens yn Australië

Friezen om utens yn Australië

16 Febrewaris 2003

Foar it programma ‘Oan ‘e oare kant’ wurde twa Friezen dy’t yn Australië binne opsocht. Esther Kielstra út Gerdyk is oan it backpacken troch it lân en Wabe Roskam fan Parregea wennet no yn Australië en is haadredakteur fan Dutch Weekly.

De Nije Moanne: Wurkje oan 'e dyk

De Nije Moanne: Wurkje oan 'e dyk

02 Juny 1991

De provinsje is drok mei it oanlizzen fan nije diken en it ferdûbeljen fan besteande diken. Ferskate partijen prate oer it belang fan de ynfrastruktuer, lykas in yngenieur, in direkteur fan in transportbedriuw, mar ek aspekten as feilichheid en duorsumens komme oan de oarder.