Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSK_FILM_FERLINE_1_WR

Frysk Film Ferline (1)

09 Juny 1996

Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan: in film fan de VVV oer Ljouwert út 1922, it sluten fan de Ofslútdyk yn 1932, de earste Fryske spylfilm Kar út twa út 1932 en de film It liet fan de Burd út begjin jierren fyftich.

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 3

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 3

11 Oktober 2002

Yn dizze tredde (en lêste) ôflevering fan de searje oer fakânsje yn Fryslân praat Jildou de Vries mei Peter. Hy docht ûndersyk nei toerisme en rekreaasje. Wobbe van der Vegt fan de provinsje fertelt oer it toerismebelied fan de lêste jierren en wat de provinsje fierder ûntwikkelje wol op dit mêd.

Tûkelteammen 0303

Tûkelteammen 0303

26 April 2005

De tredde ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit Wiesje Jansma, toanielregisseur, mei Sybren Abma fan Goaiïngea, en yn team 2 sit Marius Delgrosso, ek toanielregisseur mei Jan Slijkhuis út Zwolle.