Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSK_EN_FRIJ_280196_WR

Frysk en Frij

28 Jannewaris 1996

It moanneblêd Frysk en Frij sit finansjeel yn swier waar. It eardere wykblêd en letter twawyklikse blêd krijt gjin provinsjale subsydzje mear, al binne der noch wol petearen. Meiwurkers fertelle oer de swierrichheden. De provinsje soe in ferburgen aginda hawwe om Frysk & Frij op te heffen. Oan it wurd komme ûnder oare Goasse Brouwer, Sjoerd van Aalsum en Geart-Hessel de Boer, mar ek deputearre Bertus Mulder en Ingrid Wagenaar fan de F-side. Dizze wyklikse Fryske side yn beide kranten wie bedoeld om nije Frysklêzers te winnen, dêr gie provinsjale stipe hinne.

Wyn op Woansdei: Plysjeskoalle

Wyn op Woansdei: Plysjeskoalle

15 Desimber 2004

Programmamakker Evert van den Berg folge in tal dosinten en studinten by harren lessen fan de plysjeskoalle dy't maksimaal fjouwer jier duorret. Der wurdt lesjûn yn bygelyks sjitten, fjochtsjen, rolspullen en teorylessen Ingelsk, Nederlânsk, drugs en wetten. De reade tried yn it programma is studinte Rennie Grootenhuis út Bakkefean, in famke dat lykas alle oare studinten ôfwikseljend 12 wiken nei dizze skoalle giet en dan wer 12 wiken praktyk docht yn Drinte. Der wurde trije soarten plysjes oplaat: surveillanten, aginten en haadaginten.

De Nije Skoalle 5: KMBO

De Nije Skoalle 5: KMBO

04 Febrewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De fyfde útstjoering giet oer it KMBO. It koart middelber beropsûnderwiis is in oplieding mei in soad praktyk foar de jongeren dy’t klear binne mei de LTS, mar net goed genôch binne foar it MTS oft noch net wurkje wolle.