Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Ramsi

Wyn op Woansdei: Ramsi

21 Maaie 2003

Programmamakker Annet Huisman folget in dei lang Palestyn Ramsi. Dit kleurryk figuer yn Ljouwert is altyd dwaande mei it fuorjen fan fûgels. Net alle buertbewenners binne like wiis mei him. De bôle hellet er by restaurants wei en ûnderweis rêdt er alle rommel fan strjitte op.

180713_SADWAANDE_OER_YNTERNET_15_03_2000.mp4

Sadwaande: Ynternet

15 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer ynternet. Hieltyd mear minsken ha ynternet, mar hoe kinst al dy ynformaasje it bêste brûke? We prate deroer mei kommunikaasje-saakkundigen en sjogge by kompjûterles op skoalle. En in skipsbouwer brûkt it ynternet ek om syn Amerikaanske opdrachtjouwer op de hichte fan de bou te hâlden.

Gaos toertocht Starum

Gaos toertocht Starum

05 Febrewaris 1996

Der wie grutte gaos mei de toertocht fan Starum nei Enkhuizen yn 1996. Helikopters en helptsjinsten moasten tsientallen ferwûne reedriders fan it iis helje.