Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

25 Maaie 1989

Ynterview fan Geart de Vries mei Anne Wadman (1919-1997), ien fan de produktyfste skriuwers fan Fryslân. Hy wûn twa kear de belangrykste literêre priis, de Gysbert Japicx, yn 1952 en 1989. Neist poëzij en romans skreau er ek toaniel en krityske essees. Hy soarge foar emansipaasje fan de Fryske literatuer. Syn roman De Smearlappen út 1963 joech in soad opskuor fanwege it frijmoedich praten oer seks. Wadman wie ek ûnderwizer, redakteur by literêre blêden en resinsint en hy koe goed fioel spylje.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 2

08 Febrewaris 2002

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wurk. Jildou de Vries sjocht by it heechste gebou fan Noard-Nederlân, de Achmeatoer. Dêrwei kin se fier de provinsje yn sjen, en sjocht se dat der in soad lânbougrûn is. Tine Bijstra fan de NLTO fertelt oer de ferskillende soarten lânbou, boeren, fiskers, túnkers, kassen en ierappelboeren.

LTV_VAN_EEN_LIMBURGSE_EN_EEN_FRIEZIN

'Van een Limburgse en een Friezin'

09 April 1995

Antje Hessels-Huitema (Waskemar) en Toos van den Borst-Abrahams (Beesel) binne al lang freondinnen. Se learden inoar kennen yn de Twadde Wrâldoarloch doe't Toos as 8-jierrich famke mei har famylje út Limburch nei Fryslân kaam as evakuee. Se kamen telâne by de famylje fan Antje. Toos fertelt oer de swiere reis dy't se ôflizze moasten, har mem hâlde in deiboek by. By de famylje fan Antje kamen se op in pleatske, wat doe noch Haulerwyk Beneden hiet. Se seagen der tsjin oan om evakuees te krijen, mar doe't de famylje nei de oarloch wer fuortgie, koenen se se net mear misse.