Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

14 Maart 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel fjouwer rint se troch de Greidhoeke. Dêr binne in soad boeren mei kij. Se fertelt oer it boerebedriuw, dat boeren (keunst)dong oer it lân struie, gers meane en se leit út wat kuil is. Ek sjogge we by it melken en hoe't tsiis makke wurdt yn it fabryk. En Fryske hynders en aaisykje komme ek oan de oarder.

LTV_De-wrald-fan-reid_WR

De wrâld fan Reid

12 Oktober 2008

Strontrace-kopstik Reid de Jong wie yn 2008 ûnderwerp fan dizze dokumintêre. Hy wenne doe al 40 jier mei Cornelie op de fjoertoer yn Warkum, sûnder stroom of rinnend wetter. Reid is bekend wurden as organisator fan de Strontrace. Mei in lading drûge dong sile de skippen om it hurdst fan Warkum nei Súd-Hollân, en werom.

7de klasse A 11: Donkerbroek - Cambuur 69

7de klasse A 11: Donkerbroek - Cambuur 69

02 Desimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Donkerbroek - Cambuur 69. It duel út de leechste regionen fan de kompetysje 6-0.