Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

10 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 1 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Se praat mei dekôrbouwer Anton Rolink, hy makket ûnder oare dekôrs foar ferskate programma's fan Omrop Fryslân. Ek sjocht se by De Lawei, dêr fertelt Henk Bergsma oer syn wurk as toanielmaster. Hy betsjinnet de 'trekkenwand', dêrmei kinst dekôrstikken op it poadium sakje litte.

De Nije Moanne: De útfiners

De Nije Moanne: De útfiners

07 April 1991

Trije soarten útfiners komme oan bod: by doarrefabrikant Halbertsma yn Grou brûke se flaaks as produkt tusken it hardboard, by de agraryske hegeskoalle besykje se iel yn te setten as biologyske bestriding fan boaiemynsekten en by masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert betinke se allerhanne soarten masines, lykas in spekynpakmasine foar Frisia yn Harns. De ynnovaasjes moatte de produksjeprosessen ferbetterje.

Tûkelteammen 0206

Tûkelteammen 0206

04 Novimber 2003

Sporters dizze kear yn de teams fan Tûkelteammen. Yn team 1 judoka Nynke Klopstra en Dick Eisma fan Aldehaske en yn team 2 duersportster Mariska Kramer en Hyltsje Smedes fan Sumar.