Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_OER_IT_UNTHALD_03_01_2001.mp4

Sadwaande: Unthâld

03 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer it ûnthâld. We sjogge dat bern goed binne yn ûnthâldspultsjes, leare oer it ûnthâld fan in neuropsycholooch en sjogge yn de Ielannen yn Snits dêr't deminte minsken wenje. En we prate mei histoarikus Johan Frieswyk dy't ûndersyk dien hat nei de oarloch. Hy fernaam dat guon minsken dat ferjitten binne of de saken ferdraaie. Prinses op learzens ferjit ek wat.

Fan fan: Chris Wassenaar

Fan fan: Chris Wassenaar

17 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt keatser Chris Wassenaar it himd fan it liif frege troch Knillis van de Burg (8 jier). Se moetsje elkoar by de keatser thús yn Minnertsgea.

LTV_Nij_lan_alde_grun_2

LTV: Nij lân, âlde grûn diel 2

27 Oktober 1996

Omrop Fryslân besocht fjouwer famyljes dy't lytse of tige grutte bedriuwen oernamen yn it âlde Dútslân. Ek wurdt in groep fan 44 Fryske boeren op stúdzjereis yn East-Dútslân folge. Dit is diel 2 fan in trijelûk.