Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

TSEADBRUINJA_FR_WR2

Skriuwerslibben: Tsead Bruinja

17 Maart 2002

Portret fan dichter, performer, redakteur en organisator Tsead Bruinja (1974). Hy komt fan Rinsumageast en wennet yn Grins. Hy skriuwt yn it Nederlânsk en Frysk. Hy fertelt ûnder oare oer hoe't er ta dichtsjen kaam en wat syn ambysjes binne. We sjogge him optreden en oan it wurk.

Frysk Festival: Media Mundi, groet oan de wrâld

Frysk Festival 4: Media Mundi, groet oan de wrâld

24 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Foar it projekt Media Mundi binne sân keunstners ferdield oer sân parten fan Fryslân en elk docht ferslach fia in eigen medium. De Rus Yuri Leiderman sit yn Britswert en wurket mei Geigertellers. Willem de Ridder makket in swalktocht oer de radio. Geert Duintjer wurket mei ynternet en Ramon van de Werken fertelt oer syn projekt.

Wurktiid TV: Froulike slachter

Wurktiid TV: Froulike slachter

25 Jannewaris 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de iennige froulike slachter yn Fryslân: Jitta de Haan fan Damwâld. Har eardere baas W. Arzig is no by har yn tsjinst. Se slachtet net sels, mar al it oare wurk docht se wol op ambachtlike wize: útbiene, woarst en gehak meitsje.