Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_THT_2_210101_WR

Tenminste houdbaar tot (diel 2)

21 Jannewaris 2001

'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra komt oan it wurd.

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

08 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Jos de Putter komme fjouwer Fryske dichters oan it wurd dy't it lânskip as tema hawwe. Douwe Tamminga is yn Raerd dêr't eartiids Jongema State stie, Baukje Wytsma fertelt oer har doarp Reduzum, Wilco Berga fart op it wetter by de Snitser Mar en Albertina Soepboer rint op Skiermûntseach. Elke dichter fertelt oer it lânskip en lêst ta beslút foar út eigen wurk.

SADWAANDE_160102_KATTEN

Sadwaande: Katten

16 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer katten. We sjogge by trije katteleafhawsters: Francien Westering tekenet katten en skriuwt deroer yn de Margriet, Marja Dam hat 16 raskatten en giet der ek mei nei shows. En Jacqueline Claus, ek wol bekend as it kattewyfke, wenne mei 98 katten yn Minnertsgea, mar moast dêrwei, No hat se har 'poezenparadijs' yn Aldebiltsyl, mei 56 katten. Ek binne der ynstjoerde kattefilmkes te sjen en Floris wol graach Minoes wêze.