Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Boer mei in minycamping

Wurktiid TV: Boer mei in minycamping

29 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer in boer dy't der wat neist docht. It pear H. en G. Heeres yn Hieslum hat neist de kij ek in minycamping. Sa krije se ynkomsten om mear kwotum te keapjen. Ek hat er in reidfjild oanlein om it wetter te suverjen. De stichting Katalysator helpt boeren by it opsetten fan oare aktiviteiten.

Fan fan: Simon Minnesma

Fan fan: Simon Minnesma

03 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt keatser Simon Minnesma it himd fan it liif frege troch Sjouke Dijkstra (8 jier) út Folsgeare. Se treffe elkoar op it keatsfjild.

LTV_ASYLSIKERS

Asylsikers

09 Jannewaris 1994

We sjogge by tal fan frijwilligers dy't helpe by de opfang fan asylsikers. Yn Ljouwert helpt Baukje Huizinga mei it tolken fan Joegoslavyske flechtlingen dy't opfongen wurde by Burmania. Se ken de taal om't se sels yn dat lân wenne hat. Se helpt by kontakt mei ferskate ynstânsjes. Yn Drachten helpe Henk en Irmgard mei de opfang fan Somaliërs, ûnder oare mei it learen om te fytsen. Lammy Jelsma helpt al jierren mei de opfang yn har gemeente Skarsterlân. Sa fertelt in man út Etiopië syn ferhaal oan in klasse mei bern.