Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_180398

Sadwaande: bistedokter, staazje by Omrop Fryslân en Weststellingwerf

18 Maart 1998

Dizze Sadwaande giet oer it wurk fan de bistedokter by hynders, we sjogge yn de gemeente Weststellingwerf dêr't tal fan nije projekten boud wurde mar de boargers ha oare winsken. Hoe sjocht âld-wethâlder Luuk Veen der nei? En in learlinge sjocht wat it wurk fan in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân ynhâldt en rint in dei mei. Yn de rubryk fraach en oanbod wurde befeiligers socht. De bêste kollega is dizze kear dekonsjerzje fan it Marne College yn Boalsert.

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

05 Juny 1998

Frozenland, ûnderdiel fan Fryslân 500, is in muzykfestival fan twa dagen by Ljouwert. Der komme minder besikers as ferwachte, mar de sfear is goed. Uteinlik binne 6.000 kaarten ferkocht. Der is in gat yn de begrutting fan 30.000 gûne. Der binne fiif poadia, ien fan de headliners is Run DMC, mar ek Fryske acts as Reboelje dogge mei en it lêste optreden fan Simmer is dêr.

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

26 Febrewaris 1999

Yn it kultuerprogramma Spegels sjogge we by in konsert fan it NNO, keamermuzyk mei seis strikers, Douwe Heeringa sjocht by de útstalling fan skilderijen fan Mesdag yn it Fries Museum en der is in reportaazje oer it Fryske Boekebal. It geskink is Gomorra fan Benny Holtrop. Dichteres Albertina Soepboer fertelt oer har wurk en draacht foar út de bondel It Nachtlân. Durk Hibma fan It Fryske Boek fertelt dat it goed giet mei Fryske útjeften. Ek binne der optredens fan Sietse de Vries, Johan Veenstra, Piet Paulusma en Ernst Langhout.