Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Doarpendebat_doku_WR

Speure nei it DNA fan doarpen

02 Oktober 2005

Om te sjen hoe't doarpen groeie kinne mei each te hâlden foar karakter en lânskip wurde Easterlittens as terpdoarp yn Littenseradiel en Aldegea as feartdoarp yn Wymbritseradiel neier ûndersocht. Bewenners sette belangrike plakken op de foto en ferskate saakkundigen, lykas arsjitekt Gunnar Daan, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel, litte har ljocht der ek oer skine.

Sybe Satellyt 0804

Sybe Satellyt 0804

09 Desimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. It giet oer dôf-wêzen en de ôflevering is dêrom ek ûndertitele. Sybe praat mei Bea Visser, se is dôf berne. Sybe leart oer gebaretaal. Ek sjocht er by de dôveskoalle yn Haren en Wieke de Haan makket mei fjouwer bern in krystmiel.

LTV_FRIJWILLICH_FERPLICHT_080204_WR

Frijwillich ferplicht, oer de Fryske brânwacht

08 Febrewaris 2004

We sjogge by de Fryske brânwacht: fan de 31 Fryske gemeenten ha 27 in eigen korps (guon wurkje gear). Neist beropsminsken moat de brânwacht it ek fral hawwe fan frijwilligers, mar mei de nije regeljouwing en easken wurdt dat lestiger. Tal fan brânwachtminsken fertelle oer har wurk foar guon is it hast in ropping en we sjogge by ferskate oefeningen.