Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_JONG_TALINT

Jonge talintfolle sporters

20 Novimber 1994

Yn dit programma sjogge we trije jonge talintfolle sporters: Taekwondo-er Hendrikje Pijl (18) fan De Harkema, fuotballer Elmer Bruinsma (15) fan It Hearrenfean en tennisser Marcel van der Heide (18) út Ljouwert. Se kombinearje har sport mei skoalle, we sjogge by treningen en prater oer har ambysjes. Hendrikje hat de swarte bân en de earste dan, se jout les by bern en we sjogge by har eigen trening. Har doel is de bêste wurde fan Europa en dêrnei it WK winne. Elmer spile earst by De Gordyk en traint no by de Feansters, hy wol yn it earste komme en dan by Ajax of Barcelona spylje.

180712_SADWAANDE_OER_GEUR_01_03_2000.mp4

Sadwaande: Rûke

01 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer rûke en geuren. Wêrom rûkt wat lekker en stjonkt wat oars. In KNO-dokter leit de wurking fan de noas en it rûken út. We sjogge yn de praktyk fan in aromaterapeute en op it Van Hall Instituut is geur belangryk by de oplieding Voedingsmiddelentechnology. Prinses op learzens wol de stjonkende ôffalbulte te liif gean mei spuitbussen.

Rondo Musica 1: Stimmen

Rondo Musica 1: Stimmen

30 Oktober 2000

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel ien giet it oer de stim. Tamara praat mei Femke Hottinga, se sjongt yn in koar en krijt sjongles. Ek leit in KNO-arts út hoe't de stimbannen wurkje. Fierder hearre we operasjonger Gary Boyce en stimkeunstneres Greetje Bijma.