Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WETTER_YN_DE_MACHT

Wetter yn 'e macht

14 Novimber 1993

Mei it each op de kommende wetterskipsferkiezingen sjogge we wat it wetterskip docht en hoe't dat feroare is. Earder hienen de boeren it benammen foar it sizzen, no wurdt wetter mear fan alle ynwenners. Earder wienen mear as hûndert lytse wetterskipkes dwaande mei it soargjen foar drûge fuotten, no binne der alve boezemwetterskippen en sûnt koart ek it nij oprjochte Wetterskip Fryslân, mei taken as polderbehear, kearen fan seewetter en muskusrotbestriding. We sjogge ûnder oare by de wurking fan it Woudagemaal en de slûs by Lauwerseach dy't it wetterpeil beheare kinne.

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

17 Maaie 1992

Fernijingen yn de lânbou. Lolle Lodewijk yn Sint-Anne hat de jierappel fan de takomst, in skylde, fakuüm ferpakte en foargeare jierappel dy't binnen fiif minuten op tafel stiet. Yn Seisbierrum wurkje paprikatelers Cees Groenewegen en Nynke Hilverda op biologyske wize. En der is in prototype fan in melkrobot betocht. Meiwurkers fan de praktykskoalle fertelle der ûnder oare oer.

Nij yn Fryslân 1

Nij yn Fryslân 1

21 Desimber 1994

Programma dêr't we de famylje Peters yn folgje: heit Johan, mem Alies en 9-jierrige soan Kobus. Se ferhúzje nei Fryslân en komme yn de kunde mei de provinsje en de Fryske taal. Liefke Knol presintearret (yn it Nederlânsk) it programma en jout ynformaasje oer de Fryske taal, wurden en útspraak. Yn dizze ôflevering komme oan de oarder: begroetsje (yn de Afûk-boekhannel), wat bestelle (yn de Koperen Tún) en nei in hûs sjen by in makeler.