Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_270601_TINTE

Sadwaande: Tinte

27 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer tinten. Fiif ferneamde Friezen dogge in wedstriid yn wa't it fluchst in tinte opsette kin. De kandidaten binne Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en syn frou, skûtsjeskipper Allard Syperda mei frou, sjonger Jaap Louwes mei freondinne, boargemaster Loekie van Maaren en fierljepster Antke van der Wal mei in freondinne. Prinses op learzens sit yn in caravan.

LTV_KWEEKSKOALLE_190498_WR

De arbeidersuniversiteit, de kweekskoalle

19 April 1998

De fêstiging fan de pabo yn Drachten (fan de NHL) moat slute, learlingen moatte tenei nei Ljouwert. We hearre de learlingen fan no, se ha bewust keazen foar in lytse skoalle. En we dûke de skiednis yn, doe't it de rykskweekskoalle wie, foarrinner fan de PA. Twa âld-ûnderwizers fertelle oer har ûnderfiningen en we hearre oer de skiednis fan de kweek yn Drachten en dy fan It Hearrenfean dy't al earder slute moast. By reünys fan beide opliedingen treffe âld-learlingen inoar.

SADWAANDE_260901_KOUDUM

Sadwaande: Koudum

26 Septimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer Koudum, en dan spesifyk it doarpsfeest. Fanwege de oanslaggen fan 9/11 wie it feest hast oergien, mar der is dochs oars besletten. We sjogge by de optocht mei de fersierde wein, de tarieding dêrfan en ek fan de blommewein, op de merke, ringriderij, by it bekendmeitsjen fan wa't it Koudumer beantsje wurdt, ballonblazen en -oplitten troch de skoalbern en yn de feesttinte. Mar wat fynt de ymport eins fan it doarpsfeest? Floris komt der net mear.