Transport 1919: diel II

02 Maaie 1993

Programmamakker Gryt van Duinen siket it spoar fan tal fan Hamburger bern werom dy't yn 1919 nei de Earste Wrâldoarloch by Fryske famyljes ûnderbrocht waarden om oan te sterkjen. Der wie in soad honger yn Dútslân en dêroerhinne kaam ek nochris in krisis. Mei trije minsken giet se werom nei de plakken yn Fryslân dêr't se as bern opfongen west hienen. Se fertelle oer hoe't se de tiid belibben en ek prate se oer de Twadde Wrâldoarloch.