Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Klaas Rusticus

Om Utens: Klaas Rusticus

28 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Klaas Rusticus út Snits. Begjin jierren sechstich wurke hy yn it ûnderwiis yn Zwolle, mar ein jierren sechstich naam hy it beslút om him op teater, regissearjen en skriuwen te rjochtsjen.

LTV_ORANJEOORD_HARNS

Sikehûs Oranjeoord yn Harns

29 Jannewaris 1995

Dokumintêre oer it lytse sikehûs Oranjeoord yn Harns, hat dat noch besteansrjocht en wat binne de (ûn)mooglikheden? It sikehûs hat 154 bêden en is benammen ek belangryk foar de Waadeilannen. Tal fan meiwurkers - en pasjinten - prate oer har wurk en we sjogge by de deistige praktyk, û.o. operaasjes. Yn de rin fan de jierren is in soad feroare yn de soarch; pasjinten wurde âlder en ferbliuwe koarter.

LINKK 21: Sûnens

LINKK 21: Sûnens

21 Febrewaris 2003

Linkk is in televyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer sûnens. Hoe sûn binne we? En hoe sit it mei sporte, drinke, ite en smoke? We prate mei Tjitze Huitema, hy hat leukemy.