Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0109: Allochtoan

Tritigers 0109: Allochtoan

14 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it njoggende diel komt Fahri Mintes oan it wurd, hy is allochtoan, wurket by de Keamer fan Keaphannel en is ûndernimmer.

Wurktiid TV: Teepriuwe by Douwe Egberts

Wurktiid TV: Teepriuwe by Douwe Egberts

06 April 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering is dat Douwe Egberts op De Jouwer. Ynkeaper A. Koopmans, organoleptikus (beropsteepriuwer) A. Wuite en assistint 'monsterkamer' A. Dijksma fertelle oer har wurk.

Om Utens: Sikehûs Amsterdam

Om Utens: Sikehûs Amsterdam

07 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer fjouwer Friezen dy’t yn it Amsterdam Medysk Sintrum wurkje. Longdokter Jaring van der Zee fan De Jouwer en ferpleechkundigen Marga van der Ham út Steggerda, Sjoekie de Vries út Ychtenbrêge en Hiltsje Richstra út Tsjalbert fertelle oer watfoar wurk oft se dogge en wat de ferskillen binne tusken Fryslân en Amsterdam.