Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSLAN_LYTS_KEATSER_JOHANNES_BRANDSMA_WEROMROP

Fryslân is te lyts 3: de keatser

29 Novimber 1992

In portret fan keatser Johannes Brandsma fan Seisbierrum. De lêste jierren fan syn suksesfolle karriêre spilet er yn België, yn Bassilly, de Belgyske fariant jeu-de-pelote. It Boergondyske libben en lossere manier fan spyljen leit him wol. Ek sjogge we op de PC, de keatswedstriid yn Frjentsjer. Ald-keatsers en publyk mochten wol oer syn eigensinnichheid. Hy hat wol de PC wûn, mar is noait útroppen ta kening. Neist syn sporten wurket er ek op kantoar yn Harns as fersekeringsman.

180706_SADWAANDE_TROUWE_23_09_1998.mp4

Sadwaande: Trouwe

23 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer trouwen. We sjogge benammen by de tariedingen: it útsykjen fan de jurk, it pak, de kapper en de fotoreportaazje. We prate mei in notaris en sjogge by in maatskip, in pear dat beide yn it boerebedriuw wurket. Ingrid folget it wurk fan de bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân.

No Wy: ISK, OSG Singelland

No Wy: ISK, OSG Singelland

04 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze earste ôflevering binne dat learlingen fan de tredde klasse fan OSG Singelland yn Drachten. Se sitte yn in ynternasjonale skeakelklasse (ISK). It wie har eigen idee om har libben te filmjen en te fertellen oer wêr't se weikomme en wat se meimeitsje. Faak is it swier om't se net witte oft se yn Nederlân bliuwe meie. Gaylord, Najad en Mohamed prate mei learlingen en leararen. Ek ha se in filmke makke oer de konsjerzje en bylden draaid op it asylsikerssintrum yn Drachten.