Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

15 Oktober 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by it Friesch Dagblad, de krante bestiet 100 jier. Hy wol witte wa't de 20.000 leden-lêzers binne, hoe't de takomst fan it FD der útsjocht en hokker minsken dy krante meitsje. It is bekend dat de lêzers fan it FD gemiddeld net sa jong mear binne en dat de mearderheid kristlik is. Hy wie op besite by in FD-lêzersjûn yn Oerterp, op 'e redaksje, by de printers en ek by kollega's fan 'dy oare krante'.

Linkk Ekstra: technyk 1

Linkk Ekstra: technyk 1

09 Maaie 2003

Yn dizze earste ôflevering fan de searje oer technyk lit Jildou de Vries ferskate soarten ferbiningen, útfiningen en tapassingen sjen. Se sjocht ûnder oare by Batavus op It Hearrenfean, lânboumasinefabryk Miedema yn Winsum en by de satelliten yn Boerum. Learlingen fan it Liudger yn Drachten meitsje in opdracht foar technyk.

LTV_HILDEGARD_DRAAIJER_170598_WR

Yn kadâns, portret fan koreografe Hildegard Draaijer

17 Augustus 1998

Hildegard Draaijer makket dûnsfoarstellingen dêr't se deistige sitewaasjes fan it libben yn útfergruttet, sadat it in komyske lading krijt dêr't ek tragyk bykomt. Yn dit portret fertelt se oer har jeugd yn Makkum, hoe't se fia de muzyk by de majorettes kaam en doe by ballet. Se folge de dûnsakademy, wurke by ferskate dûnsselskippen mar is al in skoft as koreografe dwaande. We sjogge repetysje fan ûnder oare in beukerfoarstelling en in foarstelling mei live-muzyk.