Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_20_12_2000_DE_NACHT.mp4

Sadwaande: Nacht

20 Desimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer de nacht. Twa kristlike minsken fertelle wat de krystdagen foar har betsjutte, we hearre fan Ultsje Hosper fan It Fryske Gea wat ljochtfersmoarging foar de fûgeltrek docht en in heks leit út wat se docht. Skriuwer Mindert Wijnstra fertelt in spannend ferhaal en prinses op learzens is benaud yn it tsjuster.

PETEAR_OOSTRA_WR

It Petear: Roel Oostra

10 Oktober 1995

Bouke Oldenhof yn petear mei âld-direkteur Roel Oostra fan teater De Lawei yn Drachten. Oostra fertelt oer syn stap fan banketbakker nei teaterdirekteur en de groei fan de skouboarch yn Drachten.

Wurktiid TV: De boer is troef

Wurktiid TV: De boer is troef

01 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it spultsje 'De boer is troef', dat twa boerinnen, Wikje van der Veen en Janny Cnossen, betocht ha om it imago fan de boer te ferbetterjen. It spul is in krusing tusken Triviant en Ganzenbord.