Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0604

Sybe Satellyt 0604

12 Desimber 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de priisútrikking fan de kleurtekenwedstriid oer mûlefersoarging en praat mei toskjuf Mirjam Onderdelinden.Se jout foarljochting yn de bus. Ek sjocht er op It Amelân dêr't it Sunneklaasfeest is. Hy praat mei bern fan de Kardinaal de Jongskoalle. Jan van der Wal fertelt oer de skiednis oer skipfeart fan It Amelân.

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

24 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de oplieding Griene Romte by it AOC yn Ljouwert. Learlingen leare dêr foar hofker. Der is no noch in learlingestelsel, fjouwer dagen yn de wike wurkje en ien dei nei skoalle, mar meikoarten begjint de dei-oplieding. J. Helmers, dosint en learlingen F. Calsbeek en S. Bijlstra fertelle oer de oplieding.

LTV_KEUNST_FAN_IT_WENJEN_2

De keunst fan it wenjen

28 Maart 1992

Hieltyd mear partikulieren wolle sels in frijsteand hûs bouwe. Op de wenbeurs hearre we wat minsken sykje en moai fine. Makelers, projektûntwikkelers en oannimmers wolle it wurk graach dwaan, mar arsjitekten binne net bliid mei dizze ûntjouwing. Minsken assosjearje arsjitektuer faak mei nuver, djoer en útwrydsk mar dat hoecht net. In arsjitekt sjocht ek nei de omjouwing. We sjogge ek by in tal hûzen, ûnder oare yn Wiuwert, De Wylgen en Fûns en it plan foar it Troelstrapark yn Ljouwert mei kubusachtige wenningen.