LTV_Op-nei-laplan_Band-Van-Wieren_WR

Op nei Laplân: de band Van Wieren

31 Desimber 2006

We folgje de Fryske rockband Van Wieren dy't meidocht oan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal, dat yn Sweedsk Laplân is. It is de earste bûtenlânske reis fan de band dy't hege ferwachtingen fan it optreden hat. We sjogge by de repetysjes, prate mei de oare tsien dielnimmers en sjuerylid Beart Oosterhaven. Ek sjogge we fragminten fan de show mei optredens. Uteinlik wurdt Van Wieren sechsde, de winner is de Samyske dielnimmer.

LTV_Reve-yn-Fryslan-2_Nader-tot-U_WR

Reve yn Fryslân (diel 2): Nader tot U

24 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en waard dêr roomsk. Der wie eins gjin kontakt tusken Reve en de Fryske literatuer, al hat Frysk skriuwer Trinus Riemersma wolris nei him ta west op syn brommerke. Reve trede op in dichtersjûn yn De Harmonie en krige doe spul mei Simon Vinkenoog. LC-sjoernalist Pieter de Groot fertelt deroer. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve.

LTV_Reve-yn-Fryslan-1_Een-huisje-in-Fryslan_WR

Reve yn Fryslân (diel 1): Een huisje in Friesland

12 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Mei syn partners, Henk van Manen (Woelrat) en Willem van Albada (Teigetje) sjogge we werom op dy tiid. Fia kunde kaam Reve yn Greonterp telâne, hy socht der rêst en in eigen plak. Ek doarpsgenoaten komme oan it wurd en de dochter fan de kroechbaas yn Blauhús dêr't Reve geregeld kaam en ek nei de Roomske mis gie.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.

LTV_alde-Rassen-nije-Takomst_WR

Alde rassen, nije takomst

05 Novimber 2006

By It Griene Nêst yn Sumar wurde mear as 300 appelrassen kweekt, der binne ek âlde Fryske rassen by en ek oare gewaaksen fan eardere grienten as grauwe earte en wâldbeantsjes. Meiwurkers fertelle der oer. We sjogge by ferskate hobbyboeren, ien hat in bysûndere appelbeam dy't Doeke Martena om 1650 kweekte. By de genenbank fan de universiteit yn Wageningen bewarje se siedden en yn Appelskea wurket 'Kookschool en culinair historisch museum' mei streekprodukten.

LTV_Jurjen-Hempel-Underweis-mei-Jurjen-Hempel_WR

Underweis mei Jurjen Hempel

22 Oktober 2006

Jurjen Hempel (1961) is in ferneamd dirigint. We sjogge him oan it wurk yn it Poalske Krakow dêr't er mei it orkest en Pieter Wispelwey oefenet foar in cd-opname. Hempel begûn as jonkje fan 6 by de brassband Euphonia yn Wolvegea.

LTV_Jutters-under-wetter_WR

Jutters ûnder wetter

01 Oktober 2006

Op Skylge is in klup dûkers al jierren oan it dûken, we gean mei as se wer ris nei in wrak farre, in skip dat fergien is yn de Noardsee. De lading, in spesjaal soart granyt helje se boppe wetter. De leden fertelle oer har hobby en we sjogge byldzjend keunstner Yaël Artsi dy't wurken makket fan it granyt.

LTV_Portret-Jan-Tekstra-De-Ideale-Noat_WR

De ideale noat: Portret fan Jan Tekstra

10 Septimber 2006

Lietsjeskriuwer en muzikant Jan Tekstra fertelt oer syn wurk en we folgje him dêrby. Hy is graach op it wetter, mei syn eigen boat, wetter is in ynspiraasjeboarne. Hy koe profesjoneel muzikant wurde nei't er wurk foar Marco Borsato skreau. We sjogge him by de repetysjes fan it iepenloft yn Heech dêr't er de muzyk foar skreau en by it wurkjen oan de musical Jan Rap en z'n maat. Ek fertelt er oer de perioade dat er sjonger by De Kast wie.

LTV_Bou-houten-skippen-Hout-op-e-Helling_Driewer-1_WR

Hout op 'e Helling

24 Septimber 2006

We sjogge by trije projekten, de bou fan in Wierumer aak by Moddergat, in houten skûtsje yn Earnwâld en in ielaak yn Heech. It begjint by de beam út de bosk, dan it transport en it seagjen by de mûne. De boumasters fan elk projekt fertelle oer it wurk en wat se tsjinkomme.

LTV_Fryslan-Wetterlan-diel2_WR

Fryslân Wetterlân (diel 2)

25 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmakkers yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'Yn syn hannen' fan Murk Jaep van der Schaaf giet oer ielfisker Ale de Jager, dy't mei syn 42 jier jong is foar ien mei sa'n berop. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Murk Jaep oer wat er mei wetter hat, hy brocht as Akkrumer in soad op it wetter troch, en we sjogge by de opnames. Foar de film 'Stjoerlju' makke Remco Wagenaar in portret fan boatsjeminsken yn de Johan Frisoslûs yn Starum.

LTV_Fryslan-Wetterlan-diel1_WR

Fryslân Wetterlân (diel 1)

18 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmaksters yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'elke dei wer' fan Leo Wentink giet oer Klaas dy't alle dagen by it Reaklif yn de Iselmar swimt, al 18 jier lang. Syn trije hûnen gean mei en stean trou op wacht as er swimt. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Leo oer har idee en we sjogge by de opnames. Foar de film 'fier en fierder' makke Anneloor van Heemstra in portret fan de twilling Oane en Ysbrand Galama.

LTV_25jier-Oerol_WR

25 jier Oerol: it eilân as poadium

11 Juny 2006

Yn 1982 begûn kroechbaas Joop Mulder in festival op Skylge. Doe kamen der 2.000 besikers, no 25 jier letter lûkt Oerol 50.000 besikers. Yn de dokumintêre fertelt Mulder oer it begjin en syn dreamen. Bestie it festival earst benammen út strjitteäter, letter kamen der foarstellingen op lokaasjes as strân en bosk by en ek yntym teäter yn skuorkes. Neist teäter is der ek muzyk en de lêste jierren ek byldzjende keunst. It kantoar wie earder by Mulder thús, no wurkje 600 minsken oan Oerol.

Pages