LTV-Saltboeren_WR

Sâltboeren

19 Maart 2006

Sâltfabryk Frisia yn Harns hellet sâlt út de grûn. Yn 1993 en yn 2002 binne der fergunningen ôfjûn om dat te dwaan. We sjogge by it fabryk, mar ek by tsjinstanners fan de winning: boeren dy't skea ûnderfine, lykas it sâlter wurden fan de grûn en boaiemdelgong. Ferskate partijen komme oan it wurd: TNO, LTO en Wetterskip Fryslân en we sjogge by tal fan (biologyske) boeren.

LTV-Generaasjes-2-Tjalling-en-Berber-van-den-Berg_WR

Generaasjes 2: Tjalling en Berber van den Berg

12 Maart 2006

Tjalling en Berber van den Berg binne heit en dochter. Heit Tjalling is turnlearaar en brocht fernijing yn de turnwrâld mei materialen, metoades en akkommodaasjes. Sa betocht hy in nij soarte fan falkûle mei skom yn gearwurking mei Sidijk út Grou. Hy is ek nau belutsen by de bou fan de nije turnhal yn Sportstad Heerenveen dat by it Abe Lenstrastadion boud wurdt. Dochter Berber is 18 jier, sit op it VWO en riedt har ta op de kwalifikaasjes foar it EK. Har doel is om de Olympyske Spelen yn 2008 te heljen en se wol sjirurch wurde.

LTV-It-nije-learen-yn-it-beropsunderwiis_WR

It nije learen by it Friesland College (beropsûnderwiis)

05 Maart 2006

By It Friesland College (beropsûnderwiis) wurdt ynset op it nije learen: praktykstjoerd ûnderwiis. Gjin roasters, fakken en sifers, mar coaches, leartrajekten en prestaasjes. We sjogge by FC-XL foar learlingen dy't noch gjin beropskar makke ha en by saaklike tsjinstferliening. De skoalle leit út wêrom't se hjirfoar kieze, dosinten en learlingen komme oan it wurd en ek heechlearaar ûnderwiiskunde oan de RUG dy't kritysk op dit soarte fan ûnderwiis is. Learlingen leare sa gjin kennis en feardichheden. Ek net alle leararen kinne har yn dizze foarm fine.

LTV-Italianen-yn-Fryslan_WR

Saluti della Frisia. Italianen yn Fryslân

19 Febrewaris 2006

Om ferskillende redenen en yn ferskillende tiden kamen Italianen nei Fryslân ta, om te wurkjen as tegelsetter, skoarstienreager, mar ek as iismakker en pizzabakker. Se fertelle oer har skiednis, de famylje, it wurk en de foaroardielen dêr't se mei te krijen hienen.

LTV_Debat_oer_Dualisme_yn_gemeentebestjoer

Dualisme yn it lokale bestjoer

27 Juny 2022

Diskusjeprogramma oer dualisme yn it lokale bestjoer. It dualisme is fjouwer jier lyn ynfierd. It hâldt yn dat de wethâlder net langer lid fan de gemeenteried is en dat dy it belied útfiert dat troch de ried fêststeld is. Yn it stedhûs fan Dokkum wurdt ûnder lieding fan Gryt van Duinen praat oer wat it dualisme brocht hat, mei foar- en tsjinstanners. Oan tafel sitte heechlearaar Douwe Jan Elzinga en de politisy Jan Waterlander, Lute Pen, Karst Berkenbosch en Piet Waaijer.

LTV_Portret_Tjibbe_Hooghiemstra

'Ierske notysjes': Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân

27 Juny 2022

Portret fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân. Hy komt der al jierren en we sjogge him no by syn ferbliuw yn Annaghmakerrig, wat er syn 'trainingskamp' neamt. De natuer, it lân en de kultuer ynspirearje him. Hy fertelt oer syn wurk en wat Ierlân foar him betsjut. Hy jout der ek les oan de keunstakademy en hat ek lesjûn oan IRA-terroristen yn de finzenis. In galeryhâlder is entûsjast oer it wurk.

LTV_WR_Stedsherstel

'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

05 Febrewaris 2006

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut ferlet fan wenningen. Nije wiken waarden boud en tagelyk fertutearze de binnenstêd. Frijwilligers fan Stadsherstel knappe âlde pannen op en ferbouwe se. We sjogge foarbylden fan it wurk yn Ljouwert (ferbouwing kultureel sintrum Blauwe Stoep ta wenningen), Harns (Zoutsloot) en Hylpen (haven). Entûsjaste frijwilligers fertelle oer de projekten en wat der allegear by komt te sjen. Der wurdt soms ek kleure-ûndersyk dien om gebouwen yn de oarspronklike steat werom te bringen.

LTV_Generaasjes_1_Sjoerd_en_Paul_vd_Werf

Generaasjes 1: Sjoerd en Paul van der Werf

27 Juny 2022

Heit Sjoerd en soan Paul van der Werf fertelle beide oer har wurk, oerienkomsten en ferskillen. Sjoerd van der Werf is romtefeartsjoernalist, wurke by it Friesch Dagblad en skreau meardere boeken oer romtefeart. Paul is astronoom, as stjerrekundige hâldt er him dwaande mei molkweistelsels. Beide binne ek muzikaal.

LTV_Portret_drafbaan_Wolvegea

Drafbaan Wolvegea

08 Jannewaris 2006

De drafbaan yn Wolvegea stiet faai, troch jildtekoart, fergrizing en bestjoerlike problemen. Hoe lang kinne der noch wedstriden en koersen hâlden wurde? It nije bestjoer hat in plan betocht dat de rêding wurde moat. We sjogge by de koersen, de tariedingen, de minsken dy't op de hynders wedzje en by de trainingen fan de hynders.

WEROMROP_SPEGELS_NOARD-SUD

Spegels Noard-Súd-konsert 2003

01 Maaie 2003

Spegels giet oer it Noard-Súd-konsert yn 2003 yn Tsjummearum. Nei it idee fan dirigint Marten Miedema spylje dêr in solist út it noarden en ien út it suden mei de orkesten De Bazuin út Tsjummearum en Studio It Heidenskip, om de ferbining op it mêd fan blaasmuzyk tusken Fryslân en Limboarch oan te heljen. De 95 muzikanten spylje allinnich wurk fan Fryske en Limboarchske komponisten, lykas New Life fan Maurice Hamers, en Music for a Solemnity. De solisten binne trûbadoers Gé Reinders en Piter Wilkens, dy't elk in regionale ferzy fan it nûmer Blaosmeziek/Blaasmuzyk útfiere.

LTV_VMBO--op-it-wetter-5jierletter_doku_WR

VMBO'ers op it wetter - fiif jier letter

10 Jannewaris 2010

Fiif jier lyn folgen we fjouwer learlingen fan de Maritieme Academie yn Harns, dêr't se de oplieding folgen foar matroas yn de binnenfeart en ek yntern wennen. No fiif jier letter sykje we se wer op. Hoe is it har fergien? Wurkje se yn de sektor of dogge se wat oars? En wat is yn de tuskentiid bard? Portret fan Jard Jissink (19), Ynse Leenstra (17), Marjoke van Es (19) en Mike Herder (17).

LTV_40jier-tryater_v3_doku_WR

40 jier Tryater

11 Septimber 2005

Fjouwer artistike lieders sjogge werom op 40 jier Tryater: Thom van der Goot (1980-1985), Guido Wevers (1985-1990), Peter te Nuyl (1990-1993) en Jos Thie (1994-2003). Se fertelle oer de krêft fan it selskip, de kar fan it repertoire, de kar tusken tradysje en fernijing en wat se as hichtepunten beskôgje. Mei argyfbylden fan stikken as Abe (1995), De feint fan twa masters (1986), It Kersehôf (1993), Boeren stjerre (1987), De ûndergong fan Fryslân (1991), Pak 'm Stanzi (1999), Achter de Tobbe (1988), Kening Lear (2003).

Pages