Keunsthistoarikus Huub Mous makke in tentoanstelling 'De kleur van Friesland' yn it Fries Museum. Hy fertelt oer byldzjende keunst yn Fryslân en de ûntwikkeling dêrfan. De provinsje hat in grutte samling keunst. Galery Van Hulsen spile in belangrike rol en de Fryske Kultuerried. Mei De bende van de blauwe hand kaam it modernisme yn Fryslân yn de jierren 60. Yn de jierren 80 kaam de groep Jonge Friezen op. We sjogge ek yn Museum Belvédère mei Thom Mercuur.
By it Meertens Instituut yn Amsterdam wurde in hiel soad folksferhalen bewarre. In grut part fan de Fryske ferhalen is sammele troch Dam Jaarsma en Ype Poortinga, dy't ek lûdsopnamen makke. We hearre oer dy ferhalen troch Jurjen van der Kooi fan de RUG en sjogge argyfbylden fan Poortinga yn 1973 mei twa fertellers Roel Piters de Jong en Steven de Bruin. Ferhaleferteller Douwe Kootstra nimt ús mei yn in spannend ferhaal.
Op 17 april 1945 waard yn opdracht fan de Dútsers de dyk om de Wieringermarpolder hinne trochstutsen en oerstreamden alle lân en pleatsen fan de polder dy't yn 1930 yn kultuer brocht wie. Trije mannen sjogge werom op dy tiid: Sytze Faber, Tjeerd Veenstra en Broer Holtrop. De skiednis fan de polder, de oerstreaming en de weropbou komt oan bod mei argyfbyld ek.
We sjogge achter de skermen by GPTV, de omrop dy't Harns en omjouwing fan nijs foarsjocht. Se krije in nij ûnderkommen yn Trebol. It bedriuw fan de famylje Gerstel, Wout, Niels en Daniella, docht ferslach fan de regio, fan koartebaanwedstriid oant karnaval en fan brân oant in konsert. It programma 3Spoor praat mei reizgers yn de trein, wêrûnder de bekende Harnzer Wiebe van Dijk.
We sjogge by trije keunstners dy't ambachtlik wurkje. Marcel van Berkel (Skylge) is houtkeunstner, Peter Hiemstra (Aldeberkeap) is keramist en Jan Kerkstra en Marion Pannekoek (Wynjewâld) meitsje sieraden. Se fertelle oer har libben en de passy foar wat se meitsje, de ynspiraasje en driuwfear en we sjogge fansels yn de ateliers.
Yn it depot fûn it Fries Museum in bysûndere Japanske lakkoker út de 17de iuw. Hy wie fan Hendrick van Buijtenhem, opperhaad fan de VOC-fêstiging op it Japanske hannelseilân Deshima. De koker is beskildere en der sieten dokuminten yn fan Van Buijtenhem. We dûke yn de skiednis fan de man en de koker. It ferhaal begjint yn Fogelsanghstate yn Feankleaster, earder in úthôf fan it museum.
In programma út 2006 oer de gefolgen fan in driigjende fûgelgryp foar hinneboeren, hinnefangers en hinneslachters. Programmamakker Albert Jensma gie mei in ploech hinnefangers op paad en frege oft se har ek soargen meitsje oer de fûgelgryp. De hinnen dy't de Harekiten fange, geane nei hinneslachterij Frisia yn Haulerwyk om ferwurke te wurden. Wat dogge de mannen fan Frisia om it firus bûten de doar te hâlden? Hinnefokker Piet Faber fan Nijeberkeap kriget al pikefel as hy in keppel guozzen fleanen sjocht.
Yn dit twadde diel geane de listlûkers fan de beide grutste partijen yn de Fryske Steaten oan de hân fan in tal stellingen yn debat oer de takomst fan de Fryske romte: Anita Andriesen fan de PvdA en Sjoerd Galema fan it CDA oer wenningbou, yndustrialisaasje, diken en natuer en lânskip.
Hoe wurdt omgien mei de romte yn Fryslân? Mei it each op de Steateferkiezings 2007 sjogge we hoe't in nij provinsjaal bestjoer fierder moat mei wenningbou, de oanlis fan bedriuwsterreinen en diken. Yn dit earste diel omtinken foar in tal romtlike knyppunten en lânskiplike bedrigingen. Ferskate saakkundigen komme oan it wurd lykas planologen en demografen.
Dokumintêre oer it libben fan keunstner en byldhouwer Pier Pander (1864-1919). Mei Pander-biograaf Marcel Broersma sykje we nei syn spoaren: it skip dêr't er op berne waard yn it Drachtster Bûtenstfallaat, syn stúdzje yn Parys en wurkplak yn Rome. Ek kaam er yn De Knipe en seach wurken fan Jan Mankes. Bylden fan Pander stean yn de timpel by de Ljouwerter Prinsetún. Museum Smallingerland hat betiid wurk yn de kolleksje, ek sketsen.
De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en Reve bekearde him ta it roomsk-katolisisme. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve. Hendrik Algra moast neat fan Reve hawwe om syn blasfemy en skriuwen oer homoseksualiteit. Dochter Hetty Runia-Algra fertelt deroer. Kunde sjogge werom op de tiid dat Reve yn Fryslân wenne en ek syn partners Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat) komme oan it wurd.
Portret Wout Zijlstra, ien fan de sterke manlju fan Fryslân. We folgje him nei Callander, foar de Highland Games yn Skotlân. Hy fertelt (yn kilt) hoe't er by de sport kaam en wêrom't de Highland Games foar him sa bysûnder binne. En we binne by him thús yn Folsgeare dêr't er yn de skuorre traine kin en trainingen jout. Hy lit al syn prizen sjen.