LTV_Portret-Roger-Raveel_WR

Portret fan Roger Raveel: 'Nu weet je niets meer, nu ken je niets meer, je gaat kijken'

04 Novimber 2007

Portret fan Roger Raveel, Belgyske keunstner, en syn eksposysje yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Thom Mercuur siket Raveel op yn Oostende (België) om wurken foar de tentoanstelling út te sykjen. Raveel (1921) fertelt oer syn libben en wurk. In freon en biograaf sketse syn wurk en betsjutting.

LTV_Portret-Henk-Kroes_WR

Alles foar Fryslân: weromsjen mei Henk Kroes

09 Desimber 2007

We sjogge mei Henk Kroes werom op de ferskillende funksjes dy't er dien hat mei argyfbylden dêr't er wat by fertelt. Hy waard berne yn Terkaple en groeide op, by en mei it wetter. Hy die de TU yn Delft en kaam by Provinsjale Wettersteat te wurkjen. Dêrnei wie Kroes wie 25 jier direkteur fan It Fryske Gea, yn dy tiid wie it bouwen fan It Wiid by Earnewâld in 'hot item'. Fansels is Kroes bekend fan de Alvestêdetocht, mar hy wie ek foarsitter fan de grutte Friezen-reüny Simmer 2000. En foar it goede doel hat er in hiel soad fytst, sa as nei Gana.

LTV_Portret-Corina-van-Eijk_WR

It Verona fan Corina fan Eijk

30 Desimber 2007

Portret fan operaregisseur Corina van Eijk en de opera (yn de greide) fan Spangea. We folgje Van Eijk by de repetysjes foar de operafilm Samson en Delila en se fertelt oer har leafde foar opera dy't se fan hûs út meikrigen hat. Sjongers fertelle oer de bysûndere manier fan wurkjen yn de tinte. Ek binne fragminten te sjen fan eardere útfieringen.

LTV_Paulus-Folkertsma-in-ynbannich-komponist_WR

Paulus Folkertsma: in ynbannich komponist

14 Oktober 2007

Paulus Folkertsma (1901-1972) wie ien fan de produktyfste en belangrykste komponisten fan Fryslân. In beskieden minsk dy't mear as hûndert stikken skreaun hat. Folkertsma waard berne yn Wommels, groeide op yn Berltsum en wenne syn libben lang yn Aldeboarn dêr't er ûnderwizer wie. Syn frou en fjouwer bern sjogge werom op syn libben en hoe't er wie. Muzykkenners komme oan it wurd oer syn wurk en we hearre ferskate wurken, lykas in opera dy't er yn 1944 skreau. Op argyfbyld út 1967 komt Folkertsma sels ek oan it wurd.

LTV_Ofslutdyk-75jier-diel-2_WR

Ofslútdyk 75 jier

27 Maaie 2007

Yn 1932 wie de Ofslútdyk, de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân klear. We sjogge mei oerpakesizzer Jan Lely nei de betinker fan de dyk, wetterboukundige Lely dêr't in stânbyld fan op de dyk stiet. We prate mei in brûker fan de dyk dy't der alle dagen oerhinne rydt, mei toeristen dy't út de hiele wrâld komme om de dyk te sjen, ien dy't alles sammelet oer de dyk en mei in fisker fan Makkum dêr't it wurk foar feroare nei de ôfsluting fan de Sudersee. It duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer hat lieten makke oer de dyk dêr't se wat fan hearre litte.

LTV_Liet-Lavlut-2006-Fryske-titels_WR

Liet Lavlut 2006

01 Jannewaris 2007

Kompilaasje fan Liet Lavlut (Lavlut is Sámysk foar lietsje), it ynternasjonale sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen. Dat is yn 2006 yn it Sweedske Östersund. Foar Fryslân docht de band Van Wieren mei om't se it Fryske Liet wûn hienen.. We sjogge alle optredens en de artysten fertelle oer it ferske dat se spylje.

LTV_Lenin-op-e-Lemmer_WR

Lenin op De Lemmer: portret fan Rinze Visser

13 Maaie 2007

Portret fan kommunist Rinze Visser fan De Lemmer, lid fan de NCPN. Hy is al 37 jier riedslid en dwaande mei syn 10e perioade yn de ried fan Lemsterlân. Hy fertelt oer syn idealen, en wol it better meitsje foar de gewoane minske. We sjogge dat er oaren helpt by administrative putsjes en we sjogge him thús oan it skriuwen foar de twawyklikae krante Manifest. Kollega-riedsleden fertelle oer it 'Rinze-effekt' en dat er in 'wandelende ombudsman' is. Hy praat in soad mei minsken op de dyk en is ek geregeld te finen by de leagenbank. Ek tal fan Lemsters fertelle wêrom't se op Visser stimme.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-2_WR

Keatsen yn België (diel 2): It keatsen moat bliuwe

30 Septimber 2007

Diel twa fan de twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it toernoai op de Grutte Merk yn Brussel dêr't de top keatst. Ald-top keatser Marc van Snick fertelt oer syn jierren by de klup fan Tollembeek dêr't no net mear keatst wurdt. Der is noed oer de takomst, de jeugd keatst net mear. Dêrom is der in keatskamp mei Fryske en Belgyske bern.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-1_WR

Keatsen yn België (diel 1): it kampioenskip fan Flaanderen

23 Septimber 2007

Diel 1 fan in twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it kampioenskip fan Flaanderen, dat op strjitte dien wurdt yn Aalst. We prate mei twa suksesfolle Belgyske keatsers, David de Vits en Timmy Joos. It keatsen is fan âlds in folkssport, mar de belangstelling nimt ôf. Ek Fryske keatsers komme oan it wurd, Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Gerrit Okkinga.

LTV_It-Nije-Winkeljen_WR

It nije winkeljen

21 Oktober 2007

Yn Fryslân is it tal online-winkels ferdûbele. Foar guon klanten is de legere priis oantreklik en it gemak fan online bestellen. Foar in sieraadûntwerper is it handich om de merk te fergrutsjen. We sjogge by in kursus ynternet-marketing foar ICT- ûndernimmers. Hoe kinne je de website oantreklik meitsje? En wat betsjutte webwinkels foar de besteande detailhannel?

LTV_It-Poalske-Spoar_WR

It Poalske spoar

28 Jannewaris 2007

Wat Friezen fuortsmite krijt troch it kringloopbedriuw fan Broer de Ringh yn Boalsert in nije bestimming yn Poalen. Alle wiken geane frachtweinen fol âlde meubels en oar guod de grins oer. En sawol yn Poalen as Nederlân fertsjinje tsientallen minsken - dy't oars min oan 'e slach komme - harren brea mei dizze hannel.

LTV_Fryske-Tiidmasines_WR

Fryske tiidmasines

11 Novimber 2007

Dokumintêre fan filmmakker Anton Stoelwinder fan De Gordyk oer de iuwenâlde tradysje fan klok- en horloazjemakkerij yn Fryslân. We hearre oer de skiednis fan de klok, earder wienen sânglêzen en sinnewizers de tiidmjitters. Op De Jouwer ûntstie in yndustry fan ambachtlike klokmakkers. We sjogge by in bedriuw dat mei de hân sturt- en stuoltsjeklokken makket. Ek oare faklju komme oan it wurd lykas Christiaan van der Klaauw en horloazjemakker Wybe van der Gang fan Dokkum. We sjogge ek op de fakskoalle yn Schoonhoven en by in jonge klokmakker.

Pages