Op âlde atlassen en kaarten, lykas de Schotanus-atlas fan 1718, fan Fryslân binne tal fan paden, fearten en brêgen te finen. Wat is dêr noch fan te finen yn it lânskip? Histoarikus en geograaf Meindert Schroor lit ferskillende paden sjen, lykas de holle wei by Bakkefean dy't yn de 14de/15de iuw diel útmakke fan de rûte tusken Grins en de Sudersee. De âlde karrespoaren binne noch altyd te sjen. By Keimpetille wie earder in brêge. Dy waard yn 1947 ferfongen troch in pont dy't der yn 1965 wer útgie.
De Ljouwerter band Road wie suksesfol yn de jierren santich. Har grutte hit wie The unchained melody. Se stienen sels yn TopPop en hienen in fanclub. Mei de leden (Hans Krakou, Arjen Kamminga, Frans van den Borg en Harry Kootstra) sjogge we werom op it begjin en it sukses en hoe't it no mei se is. Ek plateprodusint Wobbe van Seijen komt oan it wurd en pophistoarikus Beart Oosterhaven. Op in jûn fan Stappers van Toen ropt de plaat in soad oantinkens op.
Yn it heger ûnderwiis nimt de ynternasjonalisearring ta. We folgje in pear studinten fan de CHN (kristlike hegeskoalle) yn Ljouwert dy't in pear moannen staazje rinne yn Súd-Afrika. It binne de hotelskoallestudinten Joey Hehamahua, Gijs Tordoir, Peter Henriet en Tjitske Bouma en pabostudinte Inger van Til en SPH-studinte Alijanna Beijert.
Yn it heger ûnderwiis nimt de ynternasjonalisearring ta. De CHN (kristlike hegeskoalle) yn Ljouwert hat as iennige oplieding njonkenfêstigingen yn it bûtenlân. Yn twa programma's folgje we in tal studinten by har ferbliuw yn Súd-Afrika. Yn diel ien folgje we Tjitske Bouma, dy't de hegere hotelskoalle docht, pabostudinte Inger van Til en SPH-studinte Alijanna Beijert.
We folgje trije Fryske muzikanten dy't letterlik yn it skaad stean. Se begeliede artysten of sitte yn de band dy't de muzyk fan de musical fersoarget. Peter van der Zwaag begeliedt tal fan artysten op it Amsterdams Kleinkunst Festival. Hy tinkt net oan wat er spilet mar hâldt it totaalprodukt foar eagen. Sybolt Kamstra wurket as drummer by Van den Ende, hy sit by de musical Mamma Mia yn de orkestbak, ûnder it toaniel. En pianiste Clara Rullmann wie earder 10 jier ferbûn oan it Jorwerter iepenloftspul, no begeliedt se de musical Alleen op de wereld.
We sjogge by de tariedingen en repetysjes fan de moderne opera oer Bonifatius dy't yn 754 by Dokkum fermoarde waard. Annet Andriesen is de producer, Henk Alkema de komponist en Peter te Nuyl de regisseur en librettist.
Gerrit de Wilde komt fan Beverwijk mar wennet al jierren yn Makkum. Hy makket in ferskaat oan keunst en skriuwt ek. Hy hat gjin boadskip, mar kwetsberheid en agresje komme geregeld werom yn syn wurk. We sjogge him oan it wurk yn syn atelier, by syn selsboude motor en syn wurken. Hy fertelt oer syn libben en ynspiraasje, syn leafde foar de see en kikkerts.
Johan Veenstra skriuwt yn syn memmetaal, it Stellingwarfs. Dêr fertelt er oer en we sjogge him op paad as ferhaleferteller, by de Fryske Krite yn Amersfoort. Jierren hie er de kollum 'Stikelstokkies' en dy sprekt er yn foar in cd. We sjogge by syn âlderlik hûs yn Nijeholtpea en hy fertelt oer syn wurk en libben en de noed oer it ferdwinen fan syn taal. Keramist Peter Hiemstra hat kontakt mei de skriuwer om't er it Stellingwarfs ek yn syn wurk brûke wol.
Hieltyd minder kij stean yn it lân. We hearre de foars en tsjins neffens fjouwer boeren: twa biologyske boeren dy't de kij weidzje litte en twa boeren dy't de kij op stâl hâlde. Ferskillende redenen spylje in rol: emoasje, jild, sûnens. Ek komt in gerslansaakkundige oan it wurd dy't ûndersyk dien hat nei de soarten gers en wat dat mei de molke docht. En we sjogge in keunstskilder dy't kij yn de greide skilderet.
Yn de jierren fyftich wie de strip oer kapitein Rob fan Pieter Kuhn hiel populêr. De tekener makke 73 dielen en gie geregeld nei Skylge om dêr te wurkjen, it eilân spilet yn ferskate dielen in haadrol. De trije dochters fan Kuhn fertelle oer har heit en we sjogge nei de ynfloed fan de strip op it eilân en de eilanners. Ek de opkomst fan it toerisme nei de oarloch komt oan bod, de earste campings en hotels en de groei fan de fearboaten.
De yn it Fryske Terbant berne Robert Zandvliet fertelt yn syn atelier yn Rotterdam oer syn wurk, syn ynspiraasje en syn wize fan sjen nei de wrâld. Ek is te sjen hoe't in skilderij ta stân komt. In galery yn Amsterdam is entûsjast oer syn wurk en we sjogge by in tentoanstelling yn New York.
De term 'supermerk fan wolwêzen en gelok' komt fan de baas fan it nije projekt Skewiel yn de Trynwâlden. Fersoargingshûs Heemstra State yn Oentsjerk is sloopt en der is nijbou mei apparteminten kaam. Bewenners kinne dêr soarch krije mar binne 'eigener fan eigen problemen.' Dy nije oanpak hâldt yn dat sjoen wurdt wat de boarger sels noch kin en wat de soarch dêroan taheakje kin. Minsken wenje langer selsstannich en krije soarch oan hûs, troch ferskate doarpsteams en saneamde omtinkers. Ek is der in soarchstipepunt, in berne-opfang, fysio en sels in hingplak foar jeugd.