LTV_KAPITEIN_ROB_230504_WR

Kapitein Rob op Skylge

23 Maaie 2004

Yn de jierren fyftich wie de strip oer kapitein Rob fan Pieter Kuhn hiel populêr. De tekener makke 73 dielen en gie geregeld nei Skylge om dêr te wurkjen, it eilân spilet yn ferskate dielen in haadrol. De trije dochters fan Kuhn fertelle oer har heit en we sjogge nei de ynfloed fan de strip op it eilân en de eilanners. Ek de opkomst fan it toerisme nei de oarloch komt oan bod, de earste campings en hotels en de groei fan de fearboaten.

LTV_PORTRET_ROBERT_ZANDVLIET_090504_WR

It abstrakte lân - portret fan skilder Robert Zandvliet

09 Maaie 2004

De yn it Fryske Terbant berne Robert Zandvliet fertelt yn syn atelier yn Rotterdam oer syn wurk, syn ynspiraasje en syn wize fan sjen nei de wrâld. Ek is te sjen hoe't in skilderij ta stân komt. In galery yn Amsterdam is entûsjast oer syn wurk en we sjogge by in tentoanstelling yn New York.

LTV_ALDEREINSOARCH_250404_WR

Supermerk fan wolwêzen en gelok: oer âldereinsoarch

25 April 2004

De term 'supermerk fan wolwêzen en gelok' komt fan de baas fan it nije projekt Skewiel yn de Trynwâlden. Fersoargingshûs Heemstra State yn Oentsjerk is sloopt en der is nijbou mei apparteminten kaam. Bewenners kinne dêr soarch krije mar binne 'eigener fan eigen problemen.' Dy nije oanpak hâldt yn dat sjoen wurdt wat de boarger sels noch kin en wat de soarch dêroan taheakje kin. Minsken wenje langer selsstannich en krije soarch oan hûs, troch ferskate doarpsteams en saneamde omtinkers. Ek is der in soarchstipepunt, in berne-opfang, fysio en sels in hingplak foar jeugd.

LTV_THEUNIS_PIERSMA_280304_WR2

Portret fan biolooch professor Theunis Piersma

28 Maart 2004

Theunis Piersma docht ûndersyk nei de mients (kanoet) dêr't it min mei giet. We folgje him yn syn wurk by it NIOZ op Teksel en by de studinten yn Haren. De befreone sjoernalist Koos van Zomeren folget Piersma al langer en skriuwt oer syn wurk. Piersma ûndersiket it gedrach fan de mientsen en wat se ite. De Waadsee is in belangryk foerazjeargebiet.

LTV_RENDAC_180404_WR

Gjin dea guod baas - oer 'it stjonkfabryk'

18 April 2004

Yn 1926 iepene yn Sumar it earste destruksjebedriuw fan Nederlân: NTF (Nederlandshe Thermochemische Fabrieken). It bedriuw krige yn de rin fan de jierren oar wurk en oare nammen, fan Rendac nei Sonac. Earder ferwurke it bedriuw kadavers, no is dat saneamd 'categorie 3'-materiaal lykas bonken, hûden en fearren. Yn in Twadde Keamerkommisje wurdt praat oer de kosten, de minister wol de jierlikse bydrage ynlûke. Der is noed oer falliseminten en it yllegaal dumpen fan dea fee.

LTV_BERNARD_SMILDE_110404_WR

Sang fan 'e hoeder - portret fan Bernhard Smilde

11 April 2004

Dûmny Bernhard Smilde hat tal fan lieten komponearre en in soad teksten nei it Frysk oerset. In koar ûnder lieding fan Hoite Pruiksma sjongt in tal fan syn wurken en Smilde fertelt oer syn leafde foar de muzyk, de Fryske taal en it dûmny-wêzen.

LTV_DUALISME_040404_WR

Stoom afblazen - dualisme yn de provinsje Fryslân

04 April 2004

In jier lyn waard it dualisme yn de provinsjale polityk ynfierd. Tenei bepale de Steaten it belied en fiere de deputearren dat út. It proses giet mei fallen en opstean, kostet in hoop jild en fral in hoop tiid. Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd en beide kanten fan it systeem: deputearren Jan Ploeg, Ton Baas en Bertus Mulder en steateleden Johannes Kramer (FNP), Marianne van Hall-Disch (CDA), Bert Versteeg (PvdA) en Otto van der Galiën (KristenUny/SGP).

LTV_VAN_HARTE_PARDON_290204_WR

Van harte pardon - asyl yn Fryslân

29 Febrewaris 2004

We sjogge hoe't it giet mei de opfang fan flechtlingen, asylsikers en prate mei helpferlieners. Op ferskate plakken wurde minsken opfongen, lykas yn Wytmarsum, minsken wachtsje op de proseduere, guon binne al útprosedearre. We hearren oer 'schrijnende gevallen', dêr't besocht wurdt in fergunning foar oan te freegjen. We sjogge ek by in skoalle en tsjerke yn Easterbierrum dêr't asylsikers meidraaie yn it gewoane libben.

LTV_FRIJWILLICH_FERPLICHT_080204_WR

Frijwillich ferplicht, oer de Fryske brânwacht

08 Febrewaris 2004

We sjogge by de Fryske brânwacht: fan de 31 Fryske gemeenten ha 27 in eigen korps (guon wurkje gear). Neist beropsminsken moat de brânwacht it ek fral hawwe fan frijwilligers, mar mei de nije regeljouwing en easken wurdt dat lestiger. Tal fan brânwachtminsken fertelle oer har wurk foar guon is it hast in ropping en we sjogge by ferskate oefeningen.

LTV_JONGE_FETERANEN_150804_WR

Jonge feteranen

15 Augustus 2004

Trije jonge Friezen waarden as militêr op missy stjoerd nei oarlochsgebieten. Yvonne van der Meulen siet yn 1996 yn Bosnië, Jeroen Binnema yn 1994 yn Rwanda en Ynse Schellens yn 1995 yn Bosnië. Se fertelle oer har wurk, wat se meimakken en seagen en de ynfloed dy't dy freeslike bylden hawwe op har libben nei de missy.

LTV_FERHUZING_FRIES_MUSEUM_250104_WR

Heakken en oezen: by de ferhuzing fan it Fries Museum

25 Jannewaris 2004

Arsjitekt Abe Bonnema liet 18 miljoen euro nei foar it Fries Museum mei as betingst dat der nijbou komme soe op it Ljouwerter Saailân/Wilhelminaplein. Net elk hat der betrouwen yn dat de kolleksjes goed foar it fuotljocht komme, lykas it Keninklik Frysk Genoatskip dat mei in grutte kolleksje de basis fan it museum is en ek de Ottema-Kingma Stichting hat fragen. Meiwurkers fan it Fries Museum komme oan it wurd en litte in soad fan de kolleksje sjen, skilderijen tekstyl, ierdewurk en sulver. En dan is der noch de fraach wat mei de pannen oan de Turfmerk barre moat.

LTV_MUSISI_FAN_MOARN_180104_WR

Musisy fan moarn: trije jonge muzyktalinten yn Fryslân

18 Jannewaris 2004

We komme yn de kunde mei trije jonge muzyktalinten yn Fryslân: Renske Wijma spilet hoarn, Harjan Deddens (elektryske) gitaar en Lennert Busch makket filmmuzyk. Se fertelle oer har leafde foar muzyk en we sjogge by har op de oplieding (konservatoarium yn Grins, Academie voor Popcultuur yn Ljouwert en de HKU yn Utrecht), by it oefenjen en by optredens. Ek dosinten en famyljeleden komme oan it wurd.

Pages