Ljipaaisykje is in Fryske tradysje. Mar omdat de ljippestân stadichoan achterút giet komt de tradysje hieltyd mear ûnder druk te stean. Neffens Wolf Teunissen, ekolooch sil de ljip yn 40 oant 50 jier ferdwûn wêze. Grutte tsjinstanner fan it ljipaaisykjen is Harm Niessen fan de Faunabescherming. Fraach is hoe lang sil de tradysje stân hâlde? We sjogge by twa aaisikers yn it lân en mear foarstanners fan de tradysje fertelle oer it moaie derfan. Earder wie der in libbene hannel yn ljipaaien. No is de neisoarch belangryk.
Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.
Diel 2 fan de film 'Bestimming Oerol' makke troch Willem Wits. Oprjochter Joop Mulder begûn yn 1982 it Oerolfestival op Skylge, mei lokaasjeteäter. By dit 25-jierrich jubileum folgje we twa teätermakkers (Marc van Vliet en Anthony Heidweiller) en in fotografe (Linette Raven) wylst se de lêste tariedingen op it eilân dogge en nei it einresultaat ta wurkje.
Diel 1 fan de film 'Bestimming Oerol' makke troch Willem Wits. Oprjochter Joop Mulder begûn yn 1982 it Oerolfestival op Skylge, mei lokaasjeteäter. By dit 25-jierrich jubileum folgje we twa teätermakkers (Marc van Vliet en Anthony Heidweiller) en in fotografe (Linette Raven) in tal moannen wylst se dwaande binne meit it ûntwikkeljen fan nije projekten foar dit festival.
Diel twa fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân. De dyk is goed 14 kilometer lang en de hûsnûmers rinne oant en met 1229. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de SRV-man, boer en garaazjehâlder. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.
Diel ien fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân, eader seekearend, no in slieperdyk. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de kroechbaas en de SRV-man. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.
In drama foar it doarpshûs yn Sigerswâld yn 1997. Besikers fernamen dat de flier wat slop waard. Nei ûndersyk die bliken dat de houten flier hast folslein ferrotte wie fanwege oantaasting troch in hússwam.
Yn 1996 waard teätergroep Sult oprjochte yn de Súdwesthoeke. Doel wie om lokaasjeteäter te meitsjen. Sult bestiet 10 jier en mei de leden fan de earste oere, Pieter Stellingwerf, Ytsje Hettinga, Ytsje Kramer, Feikje Hovenga en Jan Eekma, sjogge we werom. Ek sjogge we by de repetysjes foar it nije stik en by teatraal bedriuw BUOG dat dekôrs makket.
Op de gevel fan it advokantekantoar fan Anker & Anker oan de Ossekop yn Ljouwert is in plakette ûntbleate: it is it bertehûs fan Saskia van Uylenburgh, de frou fan skilder Rembrandt van Rijn. Yn dit Rembrandtjier is in soad omtinken foar him en wurdt ek mear bekend oer de Fryske Saskia. Se wenne ek yn Sint-Anne. Ferskate kenners fertelle oer har libben en fansels sjogge we ek in soad sketsen en skilderijen fan de master.
We folgje de Twadde Keamerleden Jacques Tichelaar (PvdA) en Rendert Algra (CDA) yn de oanrin nei de ferkiezingen. Se fiere beide kampanje, op de merk, op strjitte, mei in ko (Kies in Fries) en mei flyers.
It S-team stiet foar Straattalent-team. Jongeren dy't sels problemen hienen sykje no kontakt mei oare jongeren dy't tusken wâl en skip driigje te fallen. De oanpak fan 'bemoeizorg' docht fertuten en it projekt hat in priis krigen. Trije leden fan it team fertelle oer har wurk.
Portret fan Riemer van der Velde dy't ophâldt as foarsitter fan fuotbalklup SC Hearrenfean. We folgje him yn it wurk, as scout fan nij talint yn it bûtenlân, by syn hobby's fiskje en golvje. Hy fertelt oer syn karriêre en ek frou Annie komt oan it wurd. Legindarysk binne de feesten as er by it SKS skûtsjesilen yn Langwar iepen hûs hâldt. Allerhanne freonen út de sport komme del en krije bakte fisk.