LTV_Ofslutdyk-75jier-diel-2_WR

Ofslútdyk 75 jier

27 Maaie 2007

Yn 1932 wie de Ofslútdyk, de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân klear. We sjogge mei oerpakesizzer Jan Lely nei de betinker fan de dyk, wetterboukundige Lely dêr't in stânbyld fan op de dyk stiet. We prate mei in brûker fan de dyk dy't der alle dagen oerhinne rydt, mei toeristen dy't út de hiele wrâld komme om de dyk te sjen, ien dy't alles sammelet oer de dyk en mei in fisker fan Makkum dêr't it wurk foar feroare nei de ôfsluting fan de Sudersee. It duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer hat lieten makke oer de dyk dêr't se wat fan hearre litte.

LTV_Liet-Lavlut-2006-Fryske-titels_WR

Liet Lavlut 2006

01 Jannewaris 2007

Kompilaasje fan Liet Lavlut (Lavlut is Sámysk foar lietsje), it ynternasjonale sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen. Dat is yn 2006 yn it Sweedske Östersund. Foar Fryslân docht de band Van Wieren mei om't se it Fryske Liet wûn hienen.. We sjogge alle optredens en de artysten fertelle oer it ferske dat se spylje.

LTV_Lenin-op-e-Lemmer_WR

Lenin op De Lemmer: portret fan Rinze Visser

13 Maaie 2007

Portret fan kommunist Rinze Visser fan De Lemmer, lid fan de NCPN. Hy is al 37 jier riedslid en dwaande mei syn 10e perioade yn de ried fan Lemsterlân. Hy fertelt oer syn idealen, en wol it better meitsje foar de gewoane minske. We sjogge dat er oaren helpt by administrative putsjes en we sjogge him thús oan it skriuwen foar de twawyklikae krante Manifest. Kollega-riedsleden fertelle oer it 'Rinze-effekt' en dat er in 'wandelende ombudsman' is. Hy praat in soad mei minsken op de dyk en is ek geregeld te finen by de leagenbank. Ek tal fan Lemsters fertelle wêrom't se op Visser stimme.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-2_WR

Keatsen yn België (diel 2): It keatsen moat bliuwe

30 Septimber 2007

Diel twa fan de twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it toernoai op de Grutte Merk yn Brussel dêr't de top keatst. Ald-top keatser Marc van Snick fertelt oer syn jierren by de klup fan Tollembeek dêr't no net mear keatst wurdt. Der is noed oer de takomst, de jeugd keatst net mear. Dêrom is der in keatskamp mei Fryske en Belgyske bern.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-1_WR

Keatsen yn België (diel 1): it kampioenskip fan Flaanderen

23 Septimber 2007

Diel 1 fan in twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it kampioenskip fan Flaanderen, dat op strjitte dien wurdt yn Aalst. We prate mei twa suksesfolle Belgyske keatsers, David de Vits en Timmy Joos. It keatsen is fan âlds in folkssport, mar de belangstelling nimt ôf. Ek Fryske keatsers komme oan it wurd, Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Gerrit Okkinga.

LTV_It-Nije-Winkeljen_WR

It nije winkeljen

21 Oktober 2007

Yn Fryslân is it tal online-winkels ferdûbele. Foar guon klanten is de legere priis oantreklik en it gemak fan online bestellen. Foar in sieraadûntwerper is it handich om de merk te fergrutsjen. We sjogge by in kursus ynternet-marketing foar ICT- ûndernimmers. Hoe kinne je de website oantreklik meitsje? En wat betsjutte webwinkels foar de besteande detailhannel?

LTV_It-Poalske-Spoar_WR

It Poalske spoar

28 Jannewaris 2007

Wat Friezen fuortsmite krijt troch it kringloopbedriuw fan Broer de Ringh yn Boalsert in nije bestimming yn Poalen. Alle wiken geane frachtweinen fol âlde meubels en oar guod de grins oer. En sawol yn Poalen as Nederlân fertsjinje tsientallen minsken - dy't oars min oan 'e slach komme - harren brea mei dizze hannel.

LTV_Fryske-Tiidmasines_WR

Fryske tiidmasines

11 Novimber 2007

Dokumintêre fan filmmakker Anton Stoelwinder fan De Gordyk oer de iuwenâlde tradysje fan klok- en horloazjemakkerij yn Fryslân. We hearre oer de skiednis fan de klok, earder wienen sânglêzen en sinnewizers de tiidmjitters. Op De Jouwer ûntstie in yndustry fan ambachtlike klokmakkers. We sjogge by in bedriuw dat mei de hân sturt- en stuoltsjeklokken makket. Ek oare faklju komme oan it wurd lykas Christiaan van der Klaauw en horloazjemakker Wybe van der Gang fan Dokkum. We sjogge ek op de fakskoalle yn Schoonhoven en by in jonge klokmakker.

BOPPESLACH280507_WR

Boppeslach: Wolvegea - Ljouwert 2007

28 Maaie 2007

Yn maaie 2007 troffen de fuotbalteams fan Wolvegea en Ljouwert inoar op it sportpark fan GAVC yn Grou, foar de beslissingswedstryd dy't útmeitsje moast hokker ploech it folgjende seizoen promovearre nei de earste klasse snein.

LTV_Friese-Bries-New-Wave-yn-it-Heitelan_WR

Friese Bries - New Wave yn it heitelân

06 Maaie 2007

Under ynfloed fan de muzykstreamingen new wave en punk makke in nije generaasje Fryske muzikanten yn de jierren '80 lanlik opgong. En mei in protte sukses. Al gau wie der in protte oandacht foar de eigensinnige lûden út Fryslân en waard Fryslân foar it earst op 'e kaart set. Mei muzikanten en minsken út de muzykyndustry sjogge we werom op de rûzige en fernijende perioade yn de Fryske popskiednis.

LTV_Fersyld-yn-it-ferline_WR

Fersyld yn it ferline

02 Jannewaris 2023

Johan van der Zee socht nei it relaas fan de ramp fan Moddergat; it ferhaal fan de ielaken dy't in fêst plak op de Theems yn Londen hiene om de libbene iel te ferkeapjen en nei de suksessen fan de Aebelina dy't 150 jier lyn alle wedstriden wûn. De skippen wurde neiboud en we sjogge op de hellingen.

LTV_Dunsje-op-de-fulkaan_WR

Dûnsje op de fulkaan

08 Desimber 2007

In film fan Simon Haringa oer de homoscene yn Amsterdam yn 1985 en de komst fan aids. De film toant bylden fan Keninginnedei 1985 wêrby't lykas alle jierren homo's ut it hiele lân inoar treffe yn Amsterdam om mei-inoar feest te fieren. Der wurdt lake en dronken, mar de driging fan in nije, besmetlike sykte smyt in skaad oer de dei: aids. Yn in pear jier sille tûzenen oan dy sykte ferstjerre. 22 jier letter sjogge tsien oerlibjenden werom op de dei en de tiid dêr't dûnsje yn frijheid feroare yn dûnsje op de fulkaan.

Pages