LTV_Douwe-Heeringa-yn-Parys_WR

Douwe Heeringa à Paris

08 Maart 2007

We folgje sjonger Douwe Heeringa yn Parys dêr't er optrede sil by de gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan it Institut Neérlandais. Hy sjongt lieten fan Jaques Brel, yn it Frânsk en yn it Frysk. En hy fertelt oer syn libben, syn relaasje ta it sjongen en syn hobby (geurkes keapje by Chanel). Mei bylden fan de stêd Parys.

LTV_De-rykdom-fan-it-Aldfrysk_WR

De rykdom fan it Aldfrysk

11 Maart 2007

Tusken 1300 en 1500 waard al yn it Frysk skreaun. Ferskate hânskriften binne bewarre bleaun en jouwe ynteressante ynformaasje oer it Fryslân fan doe. It wie de tiid fan it Grut-Fryslân, lâns de kust fan Noard-Hollân oant oan de Weser yn Dútslân waard Frysk sprutsen. De sân Fryske seelannen kamen byinoar by de Upstalbeam by Aurich yn it Dútske East-Fryslân.

LTV_De-nije-ruilferkaveling_WR

Nije ruilferkaveling

07 Oktober 2007

Sûnt 1990 wurket de oerheid oan it realisearjen fan in oaniensletten netwurk fan beskerme natuergebieten: de ekologyske haadstruktuer. De EHS moat yn 2018 klear wêze en dan ha we der yn Nederlân 275.000 hektare nij natuergebiet by. As foarbyld sjogge we by it Alddjip tusken Bakkefean en Beetstersweach. We prate mei foar- en tsjinstanners, mei boskwachter, boeren en kommisjeleden. Mei (op argyfbyld) Sicco Mansholt.

LTV_De-metoade-fan-Ramon-van-de-Werken_WR

De metoade Van de Werken: portret fan Ramon van de Werken

15 April 2007

Portret fan keunstner Ramon van de Werken. Hy wennet yn Driezum. We sjogge him oan it wurk yn syn atelier en rinne mei him yn de bosk dêr't er syn ynspiraasje weihellet. Opfallend oan syn wize fan wurkjen is it brûken fan de kompjûter. In earste skilderkundige ferbylding fan bosk wurdt mei help fan de kompjûter foarsjoen fan djipte en skaden. Dy wurde mei de hân wer ynskildere op it oarspronklike byld. Galeryhâlder Fred Wagemans fertelt oer it wurk.

LTV_By-Dokkum-om_Op-paad-mei-Miranda-van-Kralingen_WR

By Dokkum om: op paad mei Miranda van Kralingen

11 Desimber 2007

Portret fan operasjongeres Miranda van Kralingen. Se wennet sûnt fiif jier yn Ingwierrum. We binne mei har op paad troch de Noardeasthoeke fan Fryslân en komme yn Peazens-Moddergat, Hegebeintum, Ljussens en it Lauwersmargebiet. Underwilens fertelt se oer de leafde foar muzyk, har karriêre en de rêst fan it plattelân. Yn Moddergat besiket se it Museum 't Fiskershúske en yn de tsjerke fan Hegebeintum besjocht se de roubuorden en sjongt se Fryske lieten en yn it kafee yn Ljussens is se te hearren yn in duet mei sjonger en dichter Gerrit Breteler.

LTV_Bedrige-tradysje-oer-it-ljipaaisykjen_WR

Bedrige tradysje, oer it ljipaaisykjen

25 Maart 2007

Ljipaaisykje is in Fryske tradysje. Mar omdat de ljippestân stadichoan achterút giet komt de tradysje hieltyd mear ûnder druk te stean. Neffens Wolf Teunissen, ekolooch sil de ljip yn 40 oant 50 jier ferdwûn wêze. Grutte tsjinstanner fan it ljipaaisykjen is Harm Niessen fan de Faunabescherming. Fraach is hoe lang sil de tradysje stân hâlde? We sjogge by twa aaisikers yn it lân en mear foarstanners fan de tradysje fertelle oer it moaie derfan. Earder wie der in libbene hannel yn ljipaaien. No is de neisoarch belangryk.

LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

LTV_Bestimming-Oerol-2_WR

Bestimming Oerol (diel 2)

17 Juny 2007

Diel 2 fan de film 'Bestimming Oerol' makke troch Willem Wits. Oprjochter Joop Mulder begûn yn 1982 it Oerolfestival op Skylge, mei lokaasjeteäter. By dit 25-jierrich jubileum folgje we twa teätermakkers (Marc van Vliet en Anthony Heidweiller) en in fotografe (Linette Raven) wylst se de lêste tariedingen op it eilân dogge en nei it einresultaat ta wurkje.

LTV_Bestimming-Oerol-1_WR

Bestimming Oerol (diel 1)

10 Juny 2007

Diel 1 fan de film 'Bestimming Oerol' makke troch Willem Wits. Oprjochter Joop Mulder begûn yn 1982 it Oerolfestival op Skylge, mei lokaasjeteäter. By dit 25-jierrich jubileum folgje we twa teätermakkers (Marc van Vliet en Anthony Heidweiller) en in fotografe (Linette Raven) in tal moannen wylst se dwaande binne meit it ûntwikkeljen fan nije projekten foar dit festival.

LTV_Ald-Dyk-2_WR

Ald Dyk (diel 2)

11 Febrewaris 2007

Diel twa fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân. De dyk is goed 14 kilometer lang en de hûsnûmers rinne oant en met 1229. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de SRV-man, boer en garaazjehâlder. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.

LTV_Ald-Dyk-1_WR

Ald Dyk (diel 1)

10 Jannewaris 2007

Diel ien fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân, eader seekearend, no in slieperdyk. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de kroechbaas en de SRV-man. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.

DOARPSHUSSIEGERSWALDSWAM1997

Hjoed: Swam yn doarpshûs Sigerswâld

06 Febrewaris 1997

In drama foar it doarpshûs yn Sigerswâld yn 1997. Besikers fernamen dat de flier wat slop waard. Nei ûndersyk die bliken dat de houten flier hast folslein ferrotte wie fanwege oantaasting troch in hússwam.

Pages