LTV_WR_RK-Parochy-Burgum

'Heb uw naaste lief'; oer de RK parochy yn Burgum

27 Maart 2005

Programma oer de skiednis fan de roomske parochy yn Burgum. Nei't der jild ynsammele wie, koe yn de fyftiger jierren in eigen gebou boud wurde. Tal fan parochianen komme oan it wurd, en we sjogge by ferskate fieringen. Bewenners fan it asylsikerssintrum komme ek yn de tsjerke en bringe har eigen taal mei.

LTV_WR_Omke-Jan

Omke Jan (film)

26 Juny 2005

Film mei it ferhaal fan de 85-jierige Jan Mosterman fan Hollum (It Amelân) dy't siik is en in ein oan syn libben meitsje wol. Syn famylje komt om ôfskied te nimmen. Yn de film wurdt spile troch Romke de Leeuw, Tamara Schoppert, Geert Lageveen, Hilbert Dijkstra, Henk Zwart, Joop Wittermans, Nynke Laverman, Ria Marks, Aly Bruinsma en Pieter de Vries.

LTV_WR_Portret-dumny-Bottenbley

It teäter fan de Hear: oer de Betheltsjerke en dûmny Bottenbley

10 April 2005

Portret fan dûmny Orlando Bottenbley en syn baptistegemeente De Betheltsjerke yn Drachten. Trije kear sneins sitte der sa'n 2.000 minsken yn de tsjerke dy't gebrûk makket fan moderne techniken en popmuzyk. We sjogge by de (doop)tsjinst, mar ek achter de skermen: fan de parkearwacht oant de technyk en fan it koar oant de bernetsjinst. Bottenbley fertelt wêrom't syn tsjinten safolle mooglik minsken oansprekke. Tal fan leauwigen fertelle wat har sa yn de tsjinsten oansprekt.

LTV_WR_It-Ljouwerter-Saailan

It Ljouwerter Saailân

17 April 2005

It Saailân yn Ljouwert is net moai, rommelich en ek net iens in plein. Mei it plan Nieuw Zaailand wol de gemeente dêr feroaring yn bringe. It moat alluere krije. Arsjitekt Hubert Jan Henket hat dêr wol in idee foar: mei it legaat fan 18 miljoen dat Abe Bonnema achterliet, wol er op it plein in nij Fries Museum bouwe. Ek moat der in 'wand' komme oan de sydkant fan it plein mei winkels en wenningen. By ferskate partijen lykas ûndernimmers en politisy is der noed oft it wol helber is.

LTV_WR_Ik-kin-hast-alles-oer-handikapte-minsk

Ik kin hast alles...

20 Maart 2005

Yn it programma folgje we trije minsken fan tritich dy't wurkje en libje mei harren handicap. Nynke van der Kooi is blyn. Se wennet yn Frjentsjer en is ta har spyt wurkleas nei't in kontrakt ôfrûn wie, mar har dagen binne goed fol mei fan alles. Sander Gangabisoensingh hat gjin earmen. Hy wennet op It Hearrenfean en wurket as DTP-er en webdesigner by in reklameburo. Hy docht alles op de kompjûter mei syn fuotten. Cees Roest wennet yn Sigerswâld en is nei in dwerslesy diels ferlamme. Hy wurket by in leanbedriuw. We sjogge de trije haadrolspilers yn har wurk, thús en ûnderweis.

LTV_WR_Ekspedysje-Spitsbergen

Ekspedysje Spitsbergen: walfiskfarders en wittenskippers op de Noardpoal

13 Febrewaris 2005

De Fries Louwrens Hacquebord docht al 25 jier ûndersyk op Spitsbergen, flakby de Noardpoal. De heechlearaar fan de Rijksuniversiteit Groningen is dêr oait begûn mei de opgraving fan it legindaryske walfiskfangstation Smeerenburg. Willem Barentsz fan Skylge fear yn 1596 nei de Noardpoal, op wei nei Azië en ûntduts as earste it nije lân dat er Spitsbergen neamde. Hy oerwintere op Nova Zembla en oerlibbe dat net. We sjogge de heechlearaar mei syn team de tariedingen dwaan foar it ûndersyk op Hornsund, lykas it keapjen fan in gewear tsjin de iisbearen.

LTV_WR_Eise-Eisinga

Eise Eisinga: it fenomeen fan Frjentsjer

15 Maaie 2005

Dramatisearre ferhaal oer it libben en wurk fan Eise Eisinga (1744-1828) en syn planetarium yn Frjentsjer. Eise waard berne yn Dronryp as soan fan in wolkjimmer, hy waard letter sels ek wolkjimmer. Om't er goed leare koe (fral rekkenjen) folge er lessen oan de Frjentsjer Akademy. Nei't in dûmny út Boazum foarsei dat de wrâld yn 1774 fergean soe as gefolch fan in bepaalde stân fan de planeten, betocht Eisinga om in bewegend planetarium te bouwen om sjen te litten dat dat net sa wie. Op it plafond fan de wenkeamer skildere er it hielal en de oerwurken boude er op souder.

LTV_WR_Bommen-ut-e-bosk

Bommen út de bosk

24 April 2005

Fan ein septimber 1944 ôf wurde út de bosk fan Riis santich V2-raketten wei sketten. De ferjildingsaksje fan de Dútsers hat as doel Ingelân en de haven fan Antwerpen. Yn Gaasterlân makke dat in grutte yndruk. Tsjûgen fertelle oer dy tiid en der is in soad argyf te sjen út de Twadde Wrâldoarloch, it fabryk dêr't de raketten makke waarden en de skea troch de bombardeminten yn Antwerpen.

LTV_WR_De-Frysk-ierdewurk-1

'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 1)

12 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum, Minze van den Akker, eigener fan de grutste kolleksje Frysk ierdewurk en tegelkenner Jan Pluis. Ek yn Harns wienen in soad gleibakkers. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Hy fertelt wat by it wurk sjen komt. Yn it Harnzer museum Het Hannemahuis lit konservator Hugo ter Avest diggels út 1614 sjen dy't yn de stêd fûn binne.

LTV_WR_De-Frysk-ierdewurk-2

'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 2)

19 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum. Dat is no it âldste bedriuw fan Nederlân. Se grave de klaai sels ôf by Sopsum, ûnder Frjentsjer. By Tichelaar wurkje se ek gear mei ûntwerpers lykas Hella Jongerius. Ek yn Harns wienen earder in soad gleibakkers. Letter kamen Makkum en Boalsert derby. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Se dogge in soad oan restauraasjewurk en litte sjen hoe't dat giet.

LTV_PASSY_OARGEL_260904_WR4

Passy foar it oargel

26 Septimber 2004

Yn de 19de iuw waarden in soad oargels yn Fryslân boud, dy kamen yn de provinsje te stean, mar ek yn oare dielen fan it lân. Oargels ha ûnderhâld nedich en we sjogge by ferskillende aspekten fan dat proses, restauraasje fan pipen en houtwurk en it stimmen. Jan Jongepier is oargelist en hâldt him dwaande mei oargels as monumint. Hy hat noed oer de oargels as de tsjerken slute. We sjogge by ferskate oargels en bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei reparaasje. It is dreech om nije minsken te krijen dy't it ambacht leare wolle.

LTV_EKO_BUORKJE_WR

Eko-buorkje: derop of derûnder

19 Desimber 2004

It regear wol dat der mear biologysk buorke wurdt. We folgje twa biologyske boeren, se fertelle oer wat se tsjinkomme yn dat proses. Kees Timmers is bouboer yn Ingwierrum en Henk Hogendoorn is tsiisboer. Thom Krol hat in edukative pleats yn Droegeham. Ek in lânbou-ekonoom komt oan it wurd.

Pages