It Bilt is 500 jier lyn ûntstien troch ynpoldering, dat waard benammen dien troch Hollanners en sa is de mingtaal tusken Frysk en Nederlânsk ûntstien. Biltkers binne grutsk op har eigen taal, mar der binne ek bedrigingen. We sjogge by in literêre middei yn de byb, by it meitsjen fan de wyklikse krante De Bildtse Post, by in kursus Biltsk en hearre oer de skiednis. Muzikant en skriuwer Hein Jaap Hilarides fertelt wat de taal foar him betsjut.
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint in etappe yn de Tour de France. Mei him, âld-dielnimmers, kommentatoaren, freonen, fans en famylje en syn ploech sjogge we werom op dy bysûndere rit. In bus fol Harkiten reizget nei Frankryk om him oan te moedigjen, freonen reizgje by de etappes del mei de Fryske flagge. We sjogge de omballingen lykas de parse.
Yn Ljouwert is it Huis voor Jongeren yn 2013 begûn. We folgje trije bewenners: Gerardus, Daniël en Dominiek. Troch gedrachsproblemen koenen se net mear thús wenje. Mei help en begelieding leare se foar harsels te soargjen. Yn 2005 sjogge we wer hoe't it mei se giet, ha se leard om foar harsels te soargjen?
Portret fan keunstner-filosoof Louis le Roy (berne yn 1924 yn Amsterdam) dy't as tekenlearaar op It Hearrenfean wurke. Syn revolúsjonêre ideeën oer grienfoarsjenningen yn de stêd soarge yn de 60-er jierren foar de bynamme 'de doarpsgek fan Mildaam'. Syn motto is: de minske is de natuer. Syn park opboud mei pún en stiennen oan de Kennedyleane op It Hearrenfean wurdt opknapt. Syn fyzje is dat kultuer en natuer gearwurkje, te sjen yn syn Ekokatedraal yn Mildaam. Syn fyzje hat oer de hiele wrâld folgelingen.
Trije froulju fertelle oer har tiid yn in Jappekamp yn Nederlânsk-Ynje. It binne Jacoba Oswald-de Vries (berne yn 1911), Frouwien Rullmann-Oldhoff (berne yn 1925) en Win Rinzeman-Admiraal (berne yn 1934). Ek bern fan de froulju komme oan bod.
Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.
Om te sjen hoe't doarpen groeie kinne mei each te hâlden foar karakter en lânskip wurde Easterlittens as terpdoarp yn Littenseradiel en Aldegea as feartdoarp yn Wymbritseradiel neier ûndersocht. Bewenners sette belangrike plakken op de foto en ferskate saakkundigen, lykas arsjitekt Gunnar Daan, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel, litte har ljocht der ek oer skine.
Jan Douwe van der Ploeg is heechlearaar oan de universiteit fan Wageningen. Hy pleitet foar mear lânskipsbehear en it minderjen fan de lânbousubsydzjes.
Dokumintêre oer it ûnder wetter setten fan De Wieringermar troch de Dútsers op 17 april 1945. Foar de pioniers wie 17 april in ôfgryslike klap. Foar de twadde kear moasten se de polder wer opbouwe. De skiednis wurdt ferteld troch bern fan doe: Tjeerd Veenstra, Broer Holtrop, Tine Viersen, Cees Meeuwsen en Sytse Faber.
Sumati Arya is de boeddhistyske namme fan Maria Toren. Se siet 12 jier yn in kleaster yn Yndia en kaam fanwegen har sûnens werom nei Fryslân. Yn Ferwert hat se in eigen alter en libbet neffens it boeddhisme. Se fertelt oer har libben, har stúdzje (oan de Agogyske Akademy) en wurk (taalûntwikkeling) en de karren dy't se makke. Ek lit se de Stoepa yn Hantum sjen, de Tibetaansk boeddhistyske timpel.
De Amsterdamske timmermanssoan Ger Harmsen wenne sûnt ein jierren sechtich yn De Knipe, yn in pleatske dat er 'De Weegbree' neamde. De kenner fan de arbeidersbeweging, sosjale skiednis en grut leafhawwer fan natuer hie dêr in grutte biblioteek. In dei foar't de opnamen foar de dokumintêre begûnen, kaam Harmsen te ferstjerren. Hy wie 82 jier. Ferskate minsken komme oan it wurd oer de alsidige persoan Harmsen en syn betsjutting op allerhanne mêd. Dat giet fan moassen oant fakbûn en fan lânarbeider Imke Klaver oant Karl Marx. Yn argyfbylden komt Harmsen sels ek oan it wurd.
Portret fan trije oersetters dy't klassikers út de wrâldliteratuer nei it Frysk oersette. Klaas Bruinsma set in hiel soad oer, no is er dwaande mei wurk fan de Grykske skriuwer Homerus. Eric Hoekstra set wurk oer fan filosoof Friedrich Nietzsche en Piet Brouwer hat de Divina Commedia: de godlike komeedzje oerset fan Dante Aligieri. Se fertelle oer har wurk en driuwfear. Ek útjouwers Steven Sterk en Louw Dijkstra komme oan it wurd.