Earder hie Fryslân wol 100 lytse wetterskippen, no binne der noch seis en it doel is dat der ien Wetterskip Fryslân komt. Klimaatferoaring, lânbou en natuerbehear spylje in rol by wetterbehear. Tefolle wetter yn sleatten en kanalen wurdt fia gemalen en slûzen ôffierd nei de see en oarsom wurdt ek wetter yn de boezem pompt. Ferskillende partijen komme oan it wurd, boer, natuerbehearder, bemealler, klimatolooch en wetterskipsbestjoerder. We sjogge by de lânbou, natuer, gemalen en slûzen.
Twa dielen oer de Fryske Nassaus. We folgje it spoar fan de ferskillende stedhâlders (Willem Lodewijk, Ernst Casimir, Hendrik Casimir, Willem Frederik), spoaren yn Ljouwert (Stadhouderlijk Hof, Princessehof, Grutte Tsjerke), yn Den Haag (Noordeinde, Koninklijk Huisarchief), Apeldoorn (Het Loo), mar ek yn Dútslân (Dillenburg en slot Oranienstein). Ferskate histoarisy fertelle oer de skiednis oan de hân fan argiven yn û.o. Tresoar. De ynventaris is oanbean oan Willem-Alexander en Máxima.
We sjogge by it serviceteam súd fan de gemeente Ljouwert. De wurknimmers dogge allerhanne wurksumheden yn de iepenbiere romte, se rêde 'grof vuil' op en struie. De minsken wurkje mei behâld fan útkearing yn saneamde Melkertbanen, mar dy foarsjenning stiet faai. Guon wurknimmers fertelle oer har persoanlike sitewaasje.
Op it haadkertier fan de alvestêdeferiening, yn it geboud fan de wetterlieding yn Ljouwert, is it in drokte fan belang. De telefoan stiet net stil en de administraasje fan legitimaasje en startkaarten komt krekt.
Alle seinen stienen op grien, mar op de parsekonferinsje fan it bestjoer fan de Friesche Elf Steden waard dúdlik: it kin net. It iis wie op guon plakken te min om al dy tûzenen riders te hâlden. De tocht trochgean litte is net ferantwurde, de teloarstelling is grut.
Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en iismaster Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1997. Dagenlang wienen se yn tou en net út de media te slaan. Beide sjogge werom; Kroes oan it moarnsbrochje mei syn frou thús yn Boazum en Venema op it iis fan de Ljouwerter Prinsetún.
In hiel soad leafhawwers skreaunen har yn foar de Iselmartocht, organisearre troch de 100-jierrige iisklup fan Surch. Mei in skower foar de (Citroën) Eend wie in baan skjinfage fan in rûntsje fan fiif kilometer. Under de dielnimmers ek boargemaster Piersma.
It ûnderstrûpte stik greide fan de Ryptsjerksterpolder is faak ien fan de earste plakken dêr't de redens ûnderbûn wurde kinne. De 'trochsetter', 'leafhawwer' en de 'warskôger' komme oan it wurd.
Op de Jouster iisbaan is it WK soleksrace op iis. Tritich dielnimmers, lid fan de klup AOW (Altijd Onder Weg) dogge mei oan de wedstriid. Wille is belangriker as winne. It giet net sa hurd, want it iis is sa glêd dat de bestjoerders mei de fuotten remje moatte.
Foar it earst yn fjouwer jier soe der wer in wedstriid belslydjeien, in âlde Fryske tradysje, organisearre wurde op De Feanhoop. Wylst de organisaasje drok dwaande is mei de tariedingen wurdt stadichoan dúdlik dat it iis minder sterk is as tocht waard.
Jan van der Kooi tekenet en skilderet, meast figuratyf wurk. We sjogge him bûten oan it tekenjen (lânskip) en ek oan it wurk yn syn atelier. Hy fertelt dat er al mar mear fierder sjen wol, syn grinzen ferlizze. Sa sjocht er nei Fryslân no ek yn it bûtenlân lykas Venetië. Yn museum De Buitenplaats yn Eelde binne tariedingen foar in tentoanstelling.