Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.
Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1998 op Skylge. 12/6: Lange wachttiden foar in plakje op de boat nei Skylge. 15/6: In ympresje fan de foarstellings 'Sevenup' fan Suver Nuver en Growing up in public, 'Onder delos' fan de Muzen en 'Zeeruis' fan theater Bleue. 17/6: In ympresje fan de minsken achter de skermen dy't foar de organisaasje fan Oerol soargje. 19/6: Oerol makket in grutte groei troch. De wachtrijen foar de kaartferkeap nimme ta. 22/6: Tûzenen taskôgers by it slotspektakel fan de Frânske fjoerwurkgroep Ephemere.
'Wyn' wie it tema fan Oerol 1997. Omrop Fryslân telefyzje brocht op 10 juny in reportaazje oer de tariedings en op 16 juny in item oer de rekorddrokte fan it iepeningswykein. Ek is der noch in oersjoch fan it strjitteteater op Oerol, dat útstjoerd waard op 23 juny 1997.
De fjirtjinde edysje fan Oerol yn 1995 begûn mei in spesjale trein út Amsterdam wei. Goed 20.000 minsken makken it earste wykein fan it festival mei. Twa reportaazjes út Hjoed fan 9 en 12 juny 1995, oer Oerol 1995 dat as tema 'Frankryk' hie.
Yn 1994 wie der gjin Oerol-festival, mar die Omrop Fryslân telefyzje wol ferslach fan it All along the lighttower-festival op Skylge, yn it ramt fan it 400-jierrich bestean fan de Brandaris. It festival, betocht troch Oerol-organisator Joop Mulder, luts 8000 besikers. Undernimmers op Skylge setten dêrnei in aksje op tou dêr't Oerol fiif jier lang fan organisearre wurde koe, mei Joop Mulder as artistyk lieder.
We folgje trije minsken dy't net (goed) sjen kinne, mar mei help fan allerhanne middels wol meidogge oan it maatskiplike libben lykas wurk en skoalle. Leo Korsten is technysk tekener, Bram Schultinga docht eksamen en Karen Kamstra sit op skoalle. We folgje se yn har deistich libben en hobbys en we sjogge wat Visio dwaan kin om te helpen en te begelieden.
Portret fan muzikant en skriuwer Meindert Talma (1968). Hy fertelt oer syn jeugd yn Surhústerfean, studintetiid yn Grins en syn muzyk en skriuwerij. We folgje syn band Meindert Talma and the Negroes op wei nei in optreden yn Paradiso, sjogge Meindert by studio-opnamen. Ek by syn wurk by it Kunstencentrum yn Grins, en mei syn maten fan de Hobbyrock by in toanielstik en film. Mei Nyk de Vries makket er it tydskrift De Blauwe Fedde, we sjogge se by ferskate ynterviews.
Portret fan skilder Jan Mankes (1889-1920). Neffens galeryhâlder Thom Mercuur makke Mankes tiidleaze keunst. Yn 1909 kaam Mankes nei De Knipe. Syn omjouwing (syn neisten, de natuer en dieren) lei er fêst op tal fan skilderijen. Hy skildere 'de siel' fan dingen en minsken. In muoikesizzer fertelt oer syn libben en keunstkenners en skilder Pieter Pander fertelle oer syn wurk. Yn 1915 troude er mei Annie Zernike, de earste froulike dûmny yn Nederlân. Se krigen ien soan (Beint, 1918). Yn 1920 stoar Mankes oan tbc. Hy leit yn Eerbeek begroeven.
Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Hy hie kontakt mei Goethe en mei prinses Adelheid Amalia, Fürstin von Gallitzin.