OEROL_1995_WR

Reportaazjes Oerol 1995

09 Juny 1995

De fjirtjinde edysje fan Oerol yn 1995 begûn mei in spesjale trein út Amsterdam wei. Goed 20.000 minsken makken it earste wykein fan it festival mei. Twa reportaazjes út Hjoed fan 9 en 12 juny 1995, oer Oerol 1995 dat as tema 'Frankryk' hie.

OEROL_1994_WR

All along the lighttower 1994

14 Juny 1994

Yn 1994 wie der gjin Oerol-festival, mar die Omrop Fryslân telefyzje wol ferslach fan it All along the lighttower-festival op Skylge, yn it ramt fan it 400-jierrich bestean fan de Brandaris. It festival, betocht troch Oerol-organisator Joop Mulder, luts 8000 besikers. Undernimmers op Skylge setten dêrnei in aksje op tou dêr't Oerol fiif jier lang fan organisearre wurde koe, mei Joop Mulder as artistyk lieder.

LTV_MEITANKOAN_FR_281001_WR

Mei tank oan...

28 Oktober 2001

We folgje trije minsken dy't net (goed) sjen kinne, mar mei help fan allerhanne middels wol meidogge oan it maatskiplike libben lykas wurk en skoalle. Leo Korsten is technysk tekener, Bram Schultinga docht eksamen en Karen Kamstra sit op skoalle. We folgje se yn har deistich libben en hobbys en we sjogge wat Visio dwaan kin om te helpen en te begelieden.

LTV_MEINDERTTALMA_FR_141001_WR

De wrâld fan Meindert Talma

14 Oktober 2001

Portret fan muzikant en skriuwer Meindert Talma (1968). Hy fertelt oer syn jeugd yn Surhústerfean, studintetiid yn Grins en syn muzyk en skriuwerij. We folgje syn band Meindert Talma and the Negroes op wei nei in optreden yn Paradiso, sjogge Meindert by studio-opnamen. Ek by syn wurk by it Kunstencentrum yn Grins, en mei syn maten fan de Hobbyrock by in toanielstik en film. Mei Nyk de Vries makket er it tydskrift De Blauwe Fedde, we sjogge se by ferskate ynterviews.

LTV_MANKES_300901_WR

De dreamde werklikheid, Jan Mankes

30 Septimber 2001

Portret fan skilder Jan Mankes (1889-1920). Neffens galeryhâlder Thom Mercuur makke Mankes tiidleaze keunst. Yn 1909 kaam Mankes nei De Knipe. Syn omjouwing (syn neisten, de natuer en dieren) lei er fêst op tal fan skilderijen. Hy skildere 'de siel' fan dingen en minsken. In muoikesizzer fertelt oer syn libben en keunstkenners en skilder Pieter Pander fertelle oer syn wurk. Yn 1915 troude er mei Annie Zernike, de earste froulike dûmny yn Nederlân. Se krigen ien soan (Beint, 1918). Yn 1920 stoar Mankes oan tbc. Hy leit yn Eerbeek begroeven.

LTV_SOKRATES_2_NL_230901_WR

De Fryske Sokrates (diel 2)

22 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Hy hie kontakt mei Goethe en mei prinses Adelheid Amalia, Fürstin von Gallitzin.

LTV_SOKRATES_FR_160901_WR

De Fryske Sokrates (diel 1)

16 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof, en like grut as Erasmus en Spinoza. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Syn heit wie heechlearaar Gryksk oan de Frjentsjerter universiteit.

LTV_FRYSKOPSKOALLE_FR_090901_WR

In lange les: lêste kâns foar Frysk op skoalle?

09 Septimber 2001

It fak Frysk is al 20 jier ferplichte op de basisskoalle mar net op alle skoallen wurdt likefolle dien. We sjogge op in skoalle yn Boksum dy't ien fan de seis trijetalige skoallen is. Yn de leechste groepen is Frysk en Nederlânsk lykweardich en yn de heechste groepen komt der noch Ingelsk by. Tal fan ynstânsjes fertelle wat se dogge oan Frysk taalûnderwiis lykas de Fryske Akademy, de provinsje, Omrop Fryslân, de pabo, en dosinten, ynspekteur en deputearre komme ek oan it wurd. We sjogge watfoar taalmetoaden oft der binne.

LTV_BLEIJENHOF_020901_WR

De nonnen fan De Blijenhof

02 Septimber 2001

Yn 1962 waard yn Burgum De Blijenhof oprjochte, in hospitium fan de susters fan Franciscanessen van Oirschot. Mei elkoar ha der 20 susters wurke, de lêste trije gean no fuort. De susters sjogge werom op har tiid en fertelle oer har wurk en driuwfear. Ek (âld-)bewenners komme oan it wurd, oer it wenjen yn de opfang.

LTV_WAAD_2_FR

De see komt oer it lân: It Waad (diel 2)

10 Juny 2001

Yn dit twadde diel sjogge we oan fêste wâl, by de kust fan Marrum ûnder oare. Nei jierren fan ynpolderjen wie de Lauwerssee it lêste stik dat ynpoldere waard. In slykwurker fertelt hoe't eartiids wurke waard op de kwelders. No wurdt boerelân natuer. We sjogge ek oer de grins by de kust, yn Grinslân en yn Dútslân. It Noarderleech is no in plak dêr't fee weidzje kin.

LTV_WAAD_1_FR

Mei de stream mei; It Waad (diel 1)

03 Juny 2001

It Waad feroaret al iuwenlang, de eilannen 'skowe' op, doarpen ferdwine en kustlinen feroarje. Tal fan saakkundigen fertelle op It Amelân wat der allegear bart (boaiemdelgong, seespegelstiging) en watfoar gefolgen dat hat foar minske en natuer. Oan it wurd komme û.o. ûndersikers, in kokkelfisker, ien fan It Fryske Gea en in strântinte-eigener.

LTV_FAZE_4_FR_WR

Faze 4: Wer oan it wurk

03 Juny 2001

Faze 4 is de beneaming foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk, dy't dreech oan it wurk komme. Trije minsken komme oan it wurd en fertelle oer har ûnderfiningen en we sjogge de kant fan de minsken dy't helpe, lykas in reyntegraasjebedriuw, gemeente en maatskiplik wurk.

Pages