LTV_SYTZE_PRUIKSMA_FR_141202_WR

As pauken sjonge: portret fan Sytze Pruiksma

14 Desimber 2002

Sytze Pruiksma is slachwurker. Hy komt út in hiele muzikale famylje en fertelt dêroer en oer syn wei nei it konservatoarium. Hy spile by ferneamde orkesten mar wol mear út de muzyk helje as inkeld noaten spylje. We sjogge him oan it wurk foar in dûnsfoarstelling. Neist de muzyk hat er in passy foar fûgels. As bern al gie er mei de kiker deropút yn de Warkumerwaard.

LTV_RINTJE_RITSMA_101202_WR

De rûte fan Ritsma: portret fan Rintje Ritsma

10 Desimber 2002

Portret fan de suksesfolle reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer. We sjogge him op it Lemster skûtsje mei syn pake, yn de sportskoalle, op Thialf en op it TT-sirkwy. Hy fertelt oer syn libben en hoe't er by it riden kaam. Ek oare sporters en trainers komme oan it wurd lykas Gerard Kemkers, Ab Krook, Geert Kuiper en Ard Schenk. Ritsma stapte út de KNSB en sette as earste in kommersjele ploech op.

LTV_GEURT_BUSSER_FR_241102_WR

'Ik wol skilderje': portret fan Geurt Busser

24 Novimber 2002

Geurt Busser is lânskipsskilder. Al syn libben lang makket er akwarellen fan de natuer en dan benammnen it Waad en it wetter. We sjogge him oan it wurk yn de bûtenloft, yn waar en wyn, dat is syn atelier. Mei de camper rydt er teplak of mei de boat fart er út en lit er him drûchfalle. Nei in koart skoft op de keunstakademy hat er it himsels leard.

LTV_REIN_HOFSTRA_271002_WR

Dat dat mei...! Arsjitektuer fan Rein Hofstra

27 Oktober 2002

Rein Hofstra fan Grou is arsjitekt. Bekende ûntwerpen fan him binne de Nije Kromme (brêge yn de Slachtedyk by Wommels), de tuorren by it Sjûkelân yn Frjentsjer en de ferbou fan de Heerenveense school. Hy fertelt oer syn wurk en fyzje; hy ûntwerpt yn de kontekst fan it lânskip en we sjogge him oan it wurk mei kompanjon Tonny Douma en by ferskate projekten, lykas de ferbou fan it doarpshûs fan Raerd en nijbou fan wenning en bedriuwsromte yn Akkrum. Hy fertelt ek, mei stêdeboukundige Koos van der Sloot, oer it ûntwerp fan wetterwenningen by De Jouwer.

LTV_TBC_APPELSKEA_061002_WR

De jierren yn Appelskea; tbc-sanatoarium

06 Oktober 2002

Foar 1950 wie de kâns grut om oan tbc (tuberkuloaze) te stjerren. Pasjinten waarden opfongen en behannele yn sanatoaria, ien dêrfan stie yn Appelskea. Pasjinten en personiel fan Beatrixoord fertelle oer har ûnderfiningen dêr. Pasjinten moasten in soad lizze, yn de bûtenloft en mannen en froulju wienen fan inoar skieden. Ek Johan Stekelenburg wie in pasjint, as foarsitter fan it Nederlandse Tuberculose Fonds iepene er in tentoanstelling. Neist de ferhalen is in soad argyfmateriaal te sjen yn de dokumintêre.

LTV_250_JIER_LEEUWARDER_COURANT_290902_WR

'Hoofdblad sûnt 1752'; 250 jier Leeuwarder Courant

29 Septimber 2002

We sjogge achter de skermen by de Leeuwarder Courant, op de redaksje, op de redaksjegearkomste en by de parse. Haadredakteur Rimmer Mulder skriuwt alle dagen in haadredaksjoneel kommentaar. Redakteur Eva Vriend fertelt oer har wurk en we sjogge har foar in stik oer skoalswimmen fan asylsikersbern op paad gean nei it swimbad. Marcel Broersma beskreau de skiednis fan de krante en hy fertelt deroer. Fierder komme oan it wurd Wio Joustra (plakferfangend haadredakteur), Fedde Dijkstra (betinkt de 'Gurbe') en Pieter de Groot (opinyredakteur).

LTV_FRYSKE_IDENTITEIT_2_220902_WR3

Rykdom of efterstân? Oer kulturele identiteit (diel 2)

22 Septimber 2002

Diel twa fan in twalûk oer kulturele identiteit. Skriuwers Geert Mak en Elsbeth Etty, histoarikus Goffe Jensma, literatuerhistoarikus Herman Pleij, politikus Bertus Mulder en filosoof Lolle Nauta prate oer dat begryp. Watfoar rol spilet taal dêrby? Wat is de takomst fan minderheidstalen? We sjogge ek by it Grinzersk, Siuwsk en Turksk.

LTV_FRYSKE_IDENTITEIT_1_150902_WR

Rykdom of efterstân? Oer kulturele identiteit (diel 1)

15 Septimber 2002

Diel ien fan in twalûk oer kulturele identiteit. Skriuwers Geert Mak en Elsbeth Etty, histoarikus Goffe Jensma, literatuerhistoarikus Herman Pleij, politikus Bertus Mulder en filosoof Lolle Nauta prate oer dat begryp. Bestiet der wol in Nederlânske of Fryske identiteit? Wannear is dy ûntstien en wêr bestiet dy út? Wat is de rol fan taal, hoe is dat foar Joaden en Grinzers?

LTV_PLEATSEN_SUNDER_BOER_080902_FR_WR

Pleatsen sûnder boer

08 Septimber 2002

Fryslân hat 15.000 boerepleatsen, op minder as de helte wurdt echt noch buorke. Wat bart der mei dy lege gebouwen? We sjogge ferskate foarbylden, fan wenjen oant kantoar. Sa hâldt ien bewenner alles by it âlde wylst in oar krekt de pleats oanpast nei eigen winsken. De grutte en hege skuorren wurde omboud ta kantoarromte. Oare pleatsen stean te keap en fertutearzje. Tal fan saakkundigen komme oan it wurd lykas sosjaal geograaf Jacob van der Vaart, arsjitekt Jelle de Jong, deputearre Anita Andriesen en lânskipsarsjitekt Els van der Laan.

LTV_MEINDERT_TJOELKER_010902_WR

De stille kant - Meindert Tjoelker, fiif jier letter

01 Septimber 2002

Yn 1997 stoar Meindert Tjoelker oan de gefolgen fan in fjochtpartij yn Ljouwert wêrby't er slein en skopt waard. Hy fierde syn frijgesellejûn en spruts oaren op har gedrach oan. Op dit zinleaze geweld folge in stille optocht nei't boargemaster Hayo Apotheker en plysjesjef Kees Bangma in sinjaal ôfjaan woenen. De stille tocht krige lanlik in soad omtinken en it plan fan oanpak waard in foarbyld foar oare gemeenten. Heit Berend en mem Truus sjogge werom op dy jûn en ek Apotheker docht dat. De advokaat fan ien fan de fertochten komt ek oan it wurd.

LTV_SPITKEET_SERRE_WENNINGWET_2_190502_WR2

Fan spitkeet oant serre (diel 2)

19 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. We sjogge in soad argyfbyld. Nei de oarloch begjint de Wederopbouw, der is grut ferlet fan wenningen. Duplekswenningen en spitlevelwenningen wurde ûntwurpen en nije wiken as Bilgaard mei allerhanne wenfoarmen yn ien wyk, fan leech- oant heechbou mei foarsjenningen en in hoop grien. De earste bewenners fan Heechterp wenje noch altyd yn de Ljouwerter wyk. Yn Hallum waard de 50.000ste wenningwetwenning oplevere yn 1966, de bewenners wenje der no noch.

LTV_SPITKEET_SERRE_WENNINGWET_1_120502_WR2

Fan spitkeet oant serre (diel 1)

12 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. Yn 1902 waard de Woningwet oannaam, foar dy tiid wennen minsken yn de stêd yn minne omstannichheden yn ienkeamerwenten. Yn Fryslân wenne 58 prosint sa om 1900 hinne. We sjogge in hiel soad argyfmateriaal mar ek by huzen dy't doe boud binne lykas Eigen Brood Bovenal yn Ljouwert, huzen dêr waarden boud op inisjatyf fan tsjerke. Bûten it sintrum (grêften) waard de Yndyske buert boud yn 1906 mei arbeidershúskes. Yn Frjentsjer stiet de earste 'woningwetwoning' út 1905.

Pages