Greidefûgel de skries (Limosa yn it Latyn) wurdt al jierren bedrige. It tal briedpearen nimt hurd ôf troch minder blomrike greiden en de komst fan nijbou, drainaazje en maisbou. Yn Fryslân wienen trije polders belangryk foar de skries: Haulerpolder, Skrok en Himpensermarpolder. In rêdingsplan moat de fûgel behâlde. Ferskate organisaasjes wurkje dêryn gear, lykas boeren (oars meane) en fûgelwachters beskermje de nêsten. En de predaasje is ek in bedriging.
Op 30 maaie 1998 wie de earedifyzje wer yn sicht foar Cambuur. De blommen en sjampanje stiene al klear, mar der moast earst noch wol wûn wurde fan FC Den Bosch. En dat slagge net. Yn it eigen stadion waard it 2-2. Yn it programma Boppeslach in ferslach fan de wedstryd tsjin Den Bosch.
Op 2 juny 1998 reizgen sawat tûzen Cambuur-supporters ôf nei Swolle, foar de beslissingswedstriid yn de neikompetysje. Cambuur mocht mei trije doelpunten ferskil fan Zwolle ferlieze, om dochs te promovearjen nei de earedifyzje. Omrop Fryslân die op 2 juny 1998 ferslach fan de spanning by de supporters foarôfgeand oan dy lêste wedstryd.
In ferslach fan de huldiging fan Cambuur op 2 juny 1998. De Ljouwerter fuotbalclub Cambuur hie dy jûns mei 2-1 fan FC Zwolle wûn en dêrmei foar de twadde kear promoasje nei de earedifyzje helle. By weromkomst út Swolle wachte in stadion fol supporters de spilers op.
Trije portretten fan minsken dy't frijwilligerswurk dogge. Cees wurket by Slachtofferhulp, Riek by de telefoanyske helptsjinst SOS en Rein en Marie ha it kristlike opfangsintrum Lichtpunt. We sjogge se oan it wurk en se fertelle oer har wurk en wat se der sa moai oan fine. Se dogge it net foar it jild, en net foar de eare.
Portret fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. We sjogge yn syn atelier yn Heech dêr't er fertelt oer syn fassinaasjes, ynspiraasje, deiwurkboeken en wurk. Syn freonskip mei byldzjend keunstner Gerrit de Wilde (wurket yn Makkum) komt te praat en De Wilde fertelt er wat him oansprekt yn it wurk. Mei skriuwer Eppie Dam wurke Terpstra ek gear, Dam fertelt deroer. En we sjogge Terpstra dwaande mei in tentoanstelling yn it tsjerkje fan Ginnum.
Portret fan Frysk skriuwer Josse de Haan, berne yn 1941. We sjogge him yn syn bertedoarp Peins, dat yn syn boek Piksjitten op Snyp in grutte rol spilet en we sjogge him yn Hendaye, dêr't er wennet yn Baskelân. Ek al sit er op ôfstân, hy folget de Fryske literatuer op de foet en skriuwt yn syn memmetaal.
Portret fan Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer, berneboekeskriuwster en oant de skieding frou fan Piter Jelles Troelstra. Der is noch altyd in soad belangstelling foar har, der is in roman en biografy ferskynd, in tentoanstelling en in film. Filmmakker Pieter Verhoeff, biograaf Aukje Holtrop en FLMD-direkteur en skriuwster Tineke Steenmeijer-Wielenga beljochtsje libben en wurk fan de frou dy't libbe fan 1860 oant 1939.
De grifformearde frijmakking yn 1946 spjalte it doarp Oerterp yn twa groepen: de grifformeard synodalen en de grifformeard frijmakken. It joech striid en de skuor is noch altyd fielber, op skoalle, yn tsjerke en by it korps. Inkeld op it begraafplak lizze beide leauwigen trochinoar hinne. Ynwenners fertelle oer de kwestje.
Portret fan Gerrit Aalfs (1892-1970) dy't Fryslân op tal fan films fêstlei. Syn film oer de Suderseewurken, it oanlizzen fan de Ofslútdyk wie hiel suksesfol. Berne yn it Drintske Vries wenne en wurke Aalfs jierren út Harns wei. Op syn motor troch de provinsje lei er it boerelibben en de natuer fêst. Hy joech ek filmfoarstellingen en makke mei oaren de earste Fryske spylfilm 'Kar út twa' yn 1937. Ek filme er de besite fan keninginne Juliana oan Fryslân yn 1950 en de iepening fan it Ljouwerter fleanfjild. Op syn 59ste hâlde er op mei filmjen en gie mei syn Fryske frou werom nei Drinte.
Portret fan twa keunstsamlers: Cor van der Ploeg en Daisy Posthuma. Se litte sjen wat se oan keunst kocht hawwe yn de rin fan de jierren en wat dy passy foar har betsjut. Ek sjogge we dat se op besite gean by de keunstner yn syn atelier. Van de Ploeg by Klaas Koopmans en Posthuma by Gjalt Walstra. We sjogge ek op in feiling dêr't keunst wurdt ferkocht.
In weromblik út 2001 op de komst fan Molukkers nei Fryslân, doe fyftich jier lyn. Flak by Easterwâlde leine twa fan de fjouwer Fryske kampen der't de Molukkers opfongen waarden. Yn de sechtiger jierren waarden de kampen ôfbrutsen.