Yn dit diel oer de PC, de belangrykste keatswedstriid fan it jier op it Sjûkelân yn Frjentsjer, giet oer de winners. Ferskate winners, net altyd ek keningen, komme oan it wurd en tinke werom. Under de sprekkers: Hotze Schuil, nûmer 1 fan it klassemint aller tiden, hy keatste fan 1945 oant 1968, Johannes Brandsma, Gerrit Okkinga, Sake Saakstra, Piet Jetze Faber dn Sake Porte.
En it giet oer de druk om te winnen en hoe om te gean mei ferlies.
Yn dit diel oer de PC, de belangrykste keatswedstriid fan it jier op it Sjûkelân yn Frjentsjer, giet it oer tradysjes, lykas as de lotting, en keatsgeneraasjes. Keatsleafhawwers komme oan it wurd, foarsitter Jan van der Meij komt oan it wurd, krekt as keatshistoarikus Pieter Breuker. Der binne is soad wedstriidbylden te sjen en ek argyfmateriaal.
De PC op de fiifde woansdei fan july op it Sjûkelân yn Frjentsjer is al jierren de belangrykste keatswedstriid fan it jier. Yn dit diel sjogge we nei it ûntstean en wat de PC no sa bysûnder makket. Foarsitter Jan van der Meij komt oan it wurd, krekt as keatshistoarikus Pieter Breuker. Der binne is soad wedstriidbylden te sjen en ek argyfmateriaal. De PC (Permanente Commmissie) is yn 1853 oprjochte nei't der amper mear belangstelling wie foar de Balverkaatsdag. De PC moast in fatsoenlik feest wurde, fûn betinker Jan Bogtstra dy't mar leafst 40 jier PC-lid wie.
We sjogge by de tariedingen en repetysjes fan Kening Lear, in stik dat Tryater opfiert yn it Fries Paarden Centrum. Artistyk lieder en regisseur fertelt oer it stik fan Shakespeare. We sjogge by it ûntwerpen fan de kostúms en it dekôr. Yn it stik dogge ek Fryske hynders mei. We sjogge fierder by in lêsrepetysje, by de repetysje fan amateurspilers en it casten fan in bern foar de produksje.
Asja is it opfanghûs foar froulju dy't slachtoffer wurden binne fan loverboys en sa yn de twongen prostitúsje kamen. Mei help fan in strak skema leare se in nij deiritme en har libben wer op te pakken. Twa froulju dogge har ferhaal, we hearre fan in ûndersiker oer minskehannel en hearre hoe't de plysje mei it Weaze-team besiket de kriminaliteit yn de rosse buert fan Ljouwert te kearen.
Pieter Bakker is komponist en (de stilte fan) it Fryske lânskip ynspirearret him, lykas de Aldegeaster Brekken by Sânfurd. Hy fertelt oer syn wurk, we sjogge him oan it wurk en we hearre syn wurk. By in repetysje fan Capella Frisiae, Excelsior yn Skraard en op it kariljon fan Dokkum. Bakker fotografearret it lânskip ek en dat ynspirearre keunstner Gerrit de Wilde ta in eksposysje.
Walfiskfarders moetsje inoar op in reüny yn Amsterdam. Mei in pear sjogge we werom op it wurk dat se dienen oan board fan de Willem Barendsz yn de jierren fyftich doe't se útfearen om op walfisken te jeien. En hoe sjogge se no werom op hat wurk? Heechlearaar arktyske wittenskippen Louwrens Hacquebord fertelt oer de skiednis fan de walfiskfeart.
Portret fan de yn Ljouwert berne fotograaf Marnix Goossens. We sjogge him oan it wurk as er yn it lânskip in foto meitsje wol fan in stobbewylch. Hy makket realistysk wurk mei in surrealistysk trekje. Hy fertelt oer syn wurk en leafhawwers dogge dat ek, ûnder oare in keaper, galeryhâlder en de konservator fan it fotomuseum yn Den Haag.
We sjogge by it konsert fan de Skylger kroechbaas en sjonger yn de Heineken Music Hall (HMH) yn Amsterdam. Op syn eilân fertelt er oer syn passy, de muzyk, en syn dreamen. We sjogge him by de repetysjes, yn syn studio, fansels yn syn kafee De Groene Weide en folgje him by de tariedingen fan it konsert yn de HMH. Ek sjogge we him sjongen mei syn dochter Tess.
Portret fan Koarnwertersân en de bewenners. It plak is eins net mear as in strjitte, mei 19 huzen, by de Ofslútdyk. Earder bewenne troch minsken yn tsjinst fan Rijkswaterstaat dy't by de Lorentzslûzen wurken, mar nei't de wenplicht ferfoel, kamen der ek oare bewenners, lykas in pear út Amsterdam. Se komme der foar de rêst, romte en natuer, want der is neat te dwaan en der is ek mar ien kear yn it jier in aktiviteit op de buert. We sjogge se yn har deistich libben en se fertelle oer har bining mei it plak.
Sân politike partijen ha froulike kandidaten op ferkiesbere plakken. Se prate mei ôfgeand Steatelid Ineke Verdoner (GrienLinks) oer it wurk, de ferhâlding man-frou, idealen en ferwachtingen. De froulju binne: Marianne van Hall (CDA), Hanny Palmen (SP), Tine Bijstra (VVD), Janny van der Molen (PvdA), Annigje Toering (FNP), Sietske Leistra (CU-SGP) en Irona Groeneveld (GrienLinks). Ek binne der portretsjes fan de froulju en fertelle se wat de stânpunten binne op it mêd fan ûnderwiis, wenjen, lânbou, ekonomy en ferfier.
Johannes Spyksma siet 17 jier yn de Fryske Steaten foar de PvdA. No hâldt er him mei syn stichting Frija dwaande mei de leefberheid fan Fryslân. Mei in film reizget er by doarpshuzen del om dêrnei mei de bewenners yn petear te gean, dat se sels mei plannen komme kinne. As politikus fersette er him tsjin de 'ferminskliking' fan de natuer, mar no tinkt er dat dat net mear te kearen is.